Gjin jubelstimming by Cambuur nei hast flaterleaze rige: "We dogge gewoan normaal"

Henk de Jong, SC Cambuur
Henk de Jong © Dijks Fotografie
Trainer Henk de Jong kin by SC Cambuur beskikke oer in fitte seleksje foar de lêste thúswedstriid fan dit jier. Freed komt Jong AZ op besite yn Ljouwert.
Je soene it wol saai neame kinne, hoe't it op it stuit by Cambuur giet. Al wikenlang stelt De Jong deselde spilers op, om't er bot te sprekken is oer syn ploech. En terjochte, want de lêste njoggen wedstriden waarden net ferlern.
Dêrtroch stiet de klup fiifde mei mar fjouwer punten efterstân op plak twa, dat rjocht jout op promoasje nei de earedivyzje. Wa't tinkt dat se by Cambuur de polonêze rinne mei de goeie resultaten fan de lêste wiken, komt bedreagen út. "Wy rinne net yn de polonêze. We dogge gewoan normaal", seit De Jong.
Ek tsjin Jong AZ steane deselde spilers wer oan de ôftraap. Dat betsjut dat Marco Tol wer de rjochtsback is by de absinsje fan Gabi Caschili. En dat Roberts Uldrikis foaryn wer selskip krijt fan Milan Smit en Remco Balk.

Fraachtekens rûn Jong AZ

As je tsjin in belofteploech spylje, is it altyd mar ôfwachtsjen mei hokker spilers se oan de ôftraap steane. Dat jildt no ek foar Jong AZ. It earste fan de Alkmaarders spilet tongersdeitejûn noch yn de Europa League.
"It is efkes ôfwachtsjen wat der fan 'e jûn bart mei AZ", seit De Jong. "Mar ik wit wol dat Jong AZ goed fuotballet. It wurdt in hiel lestige pot."
Trainer Henk de Jong oer de wedstriid tsjin Jong AZ
Dúdlik is dat Cambuur it inisjatyf yn hannen nimme wol. "Want ast se fuotbalje litst, dan rinst allinnich mar efter de bal oan. Moatst sels wol druk sette en goed yn de duels komme", hopet De Jong.
De wedstriid dy't Cambuur earder dit seizoen spile tsjin Jong PSV (3-4) is troch de Drachtster brûkt yn de tarieding op it duel fan freed. Doe waard de ploech by tiden fuortspile troch de Eindhovenaren. "Dat moatte we net wer krije. We moatte goed starte. De jonges wurde folwoeksener, dus dat moat we ek dwaan kinne, fyn ik", seit De Jong.
Foar Fedde de Jong is it in wedstriid tsjin syn âlde ploech: ôfrûne simmer ferruile er Jong AZ foar Cambuur. Ek Jan Sierksma, de trainer fan Jong AZ, treft syn âlde klup. De Burdaarder wurke seis jier yn de jeugdoplieding fan de Ljouwerters, foardat er yn 2020 de oerstap makke nei Alkmaar.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong AZ begjint freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio by Omrop Fryslân. Dat begjint om 19.45 oere. Ut it Cambuur Stadion wei docht sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar.
Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel werom te sjen.