De toan fan Froukje Sijtsma: "Op ‘e flecht foar Hunters"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Al dagen bin ik ûnrêstich. Ik sjoch konstant om my hinne en nim myn omjouwing yngeand yn my op. Ik let op de minsken dy't ik tsjinkom. Wat foar types binne it?
Soenen it persoanen wêze dy't in lift oan in wyldfrjemd jaan wolle soenen? Of ien oan wa'st sûnder skamte om in sliepplak freegje kinne soest?
Sûntst dy opjaan kinst foar in nij seizoen fan it telefyzjeprogramma Hunted kin ik oan neat oars mear tinke.
Hoe spannend soe it wêze om oan dat programma mei te dwaan mei myn freon? Trije wiken lang op de flecht foar Hunters. Al in skoft fantasearje wy oer hoe't wy ûnder de radar bliuwe soenen foar in spesjalisearre resjerzjeteam.
De toan fan Froukje Sijtsma
Koartlyn waard de finale fan it achtste seizoen fan Hunted útstjoerd. Spannend oant de ein, mar gjin inkeld team slagge deryn om op de finaledei it lân op it ekstraksjepunt te ferlitten. Ek al brûkten se befeilige ynternetferbinings of hienen se harren in oar uterlik oanmetten.
Allegearre waarden se yn de kraach krigen troch de opspeuringstsjinst, mei trochdat de Hunters geheime ynformaasje yn hannen krigen wannear't der in team oppakt waard.
Yn it seizoen fan Hunted fan ferline jier wisten Siedo en Sanne, in relaxte broer en sus út Jobbegea, ta de lêste minút út de hannen fan de Hunters te bliuwen. Sûnder in foaropset plan bleaunen se 500 oeren ûnder de radar. De Hunters koenen mar dreech fet op it duo krije.
In healoerke foar de finale wisten se it resjerzjeteam sels noch op in dwaalspoar te setten en wisten se as iennichste team it lân mei in helikopter te ferlitten.
Faak wurdt sein datst net yn dyn eigen netwurk hingjen bliuwe moast, hoeden wêze moatst mei it dielen fan ynformaasje mei dyn helpers en dat der gjin link wêze moat tusken dyn ferskillende kontaktpersoanen en útfanhuzersadreskes. Mar dat dat wol kin, bewiisden de Fryske Lotte en har heit Fred út Wolsum, dy't yn 2018 meidienen.
Sy sieten konstant yn harren eigen fertroude omjouwing. En om de Hunters noch wat ekstra op te jutten, lieten se harsels sjen yn Piet Paulusma syn waarprogramma.
Pleagjend begroeten se it opspeuringsteam, om dêrnei wer as de bliksem út te naaien. De Hunters setten sels Omrop Fryslân yn om it stel op te speuren.
Dit wykein rûnen myn freon en ik in grut blok om. We praten as wienen we op de flecht: 'Soe dy doarbel in kamera hawwe?' 'Ja, mar as de Hunters dy net op it spoar binne, hoechst dêr net fuort benaud foar te wêzen.'
Of: 'Dy frou soe ús tink wol helpe wolle as we har om in geunst freegje soenen.' 'Ja, mar at se heard wurdt troch de Hunters soe se ek samar út de skoalle klappe kinne.'
Nei de kuier, sette wy fuort de telefyzje wer oan. Feilich fan de bank ôf spannende ôfleveringen fan âlde seizoenen fan Hunted sjen.
Kritysk sjen nei de flaters fan oaren en yntusken kreative senario's betinke foar hoe't wy 500 oeren paranoia op de flecht gean soenen."