Oanspielde grjint op Flylân wie bot siik

Deade grjint
De deade grjint op it strân op Flylân © Vliehors Express
De grjint dy't begjin desimber op it strân fan Flylân oanspield is, wie bot siik en hie meardere ûntstekkingen. It is de konklúzje fan in spesjaal ûndersyk nei it bist dat dien is troch de Universiteit Utrecht.
It giet om in folwoeksen, froulik eksimplaar fan in walfisksoart dy't ta de dolfyneftigen heart. Dit bist waard dea fûn op it strân. Ut ûndersyk docht bliken dat de grjint harsenfluesûntstekking en longûntstekking hie. Boppedat hie it ôfwikingen oan it gebit en de gehoarorganen.
"Walvissen gebruiken hun gehoor als voornaamste zintuig; om te communiceren, navigeren en om prooi te vinden", seit de fakulteit Diergeneeskunde, dy't it ûndersyk útfierde. "Als daar dan ontstekingen in zitten, dan kan dat het algemene functioneren van zo'n dier enorm beperken. Al kan de hersenvliesontsteking het dier ook hebben gedesoriënteerd."

Mear ûnderysk

Der wurdt noch mear ûndersyk dien, dêrnei wurdt it skelet útstald by Ecomare op Teksel. Grjinten kinne tusken de trije en njoggen meter lang wurde. Se spiele net faak oan yn Nederlân. Neffens de fakulteit giet it hjir om de achtste grjint dy't yn de ôfrûne tritich jier oanspield is yn Nederlân.