Advys foar it Waad en Noardseekust: garnalefiskerij moat krimpe

In garnalenfisker op it Waad tusken Moddergat en Wierum
In garnalefisker op it Waad tusken Moddergat en Wierum © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De garnalefiskerij op it Waad en de Noardseekust moat krimpe om de ûnderwetternatuer werstelle te litten. It is ien fan de advizen út de evaluaasje fan it natuerbehear yn beide Natura 2000-gebieten.
Dit ûndersyk is dien yn opdracht fan Rykswettersteat, de organisaasje dy't sûnt 2017 de natuerbehearder fan it 'wiete Waad' en de Noardseekustsône is.
Mar it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) giet oer de garnalefiskerij. Dit ministearje regulearret dy fiskerij en docht dat benammen oan de hân fan in fergunning ûnder de Natuerbeskermingswet.
De fergunning fan de garnalefiskers ferrûn ein 2022. De nije fergunning dy't sy oanfrege ha, komt der mar net omdat der wachte wurdt oant de float foldocht oan de stikstofeasken. Yn de tuskentiid sjocht it ministearje it fiskjen sûnder fergunning troch de fingers, ûnder betingsten.

Gedoch

Oer de ûnderbouwing fan dy nije fergunning foar de fiskers is al langer gedoch, en net allinnich oer it aspekt fan stikstof. Yn de fergunningsoanfraach soe de skea oan de ûnderwetternatuer net goed meinaam wêze.
Garnalen
Garnalen © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dat is yn septimber nochris befêstige troch in nij rapport fan Wageningen Marine Research en de Waadakademy. Al sjogge de fiskers yn dat rapport inkeld minimale skea oan de natuer werom.
Dizze oanbefelling oer de garnalefiskerij komt net samar út de loft fallen. Mar it is ek net sa dat it samar ien op ien oernaam wurdt.
It Natura 2000-behearplan dêr't soks gewoanwei yn komt te stean, is koartlyn mei seis jier ferlinge sûnder ynhâldlike oanpassingen.
De lessen út evaluaasjes fan dat Natura 2000-behear krije in plak yn in mienskiplik behearplan fan alle natuerbehearders op it Waad dat ûnder rezjy fan de Beheerautoriteit Waddenzee makke wurdt. Der prate dus meardere partijen oer mei.
Op it ministearje fan Lânbou wurkje se ek noch oan in saneamd 'beleidskader Waddenzee' wêrby't se net allinnich de fiskerij, mar ek de ynfloed fan in ferskaat oan minsklike aktiviteiten tsjin it ljocht hâlde wolle.
Mar as dit alles yn de eagen fan natuerbeskermers te min opsmyt of te lang duorret, is de kâns hiel grut dat de rjochter him deroer bûgje moat. En dan helpt de ynhâld fan dizze twa Natura 2000-evaluaasjes de saak fan de fiskers net echt.
As it no hiel goed gie mei de natuer yn en op it Waad, dan wie der folle minder gedonder oer wat der wol en net kin yn it gebiet.
Mar it giet net goed mei de natuer dêr en dy oan de Noardseekust. Dat byld komt hiel dúdlik nei foaren út de evaluaasjes. Dat is in probleem, want dy natuer is net allinnich unyk en wichtich yn Nederlân, mar ek op Europeeske en wrâldwide skaal.
De Steenplaat tusken Flylân en Teksel
De Steenplaat tusken Flylân en Teksel © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dêrom is it ek in Europeesk beskerme Natura 2000-gebiet en UNESCO Wrâlderfgoed. Foar in Natura 2000-gebiet jilde 'instandhoudingsdoelstellingen'.
Dy doelstellingen wurde yn de Waadsee en ek de Noardseekustsône foar in hiel wichtich part net helle. Neffens de evaluaasje fan de Waadsee kinne je dat de natuerbehearders net oanrekkenje, want dy hawwe eins te min middels.

Ljochtpuntsjes

Fansels binne der ek ljochtpuntsjes. It giet bêst goed mei de seehûnen en de leppelbekken. En der binne mear seldsume planten by kaam yn de kwelders fan de fêste wâl. Boppedat komt net alles dat misgiet troch saken dy't allinnich yn it Waad barre: it feroarjende klimaat bygelyks.
Of it is in kombinaasje fan problemen yn en bûten it Waad. Sa hat de strânljip in probleem mei it fretten yn de Waadsee. Tagelyk wurde briedgebieten bûten it Waad minder geskikt foar de soart troch in yntinsivere lânbou.

Seeboaiem te faak oer de kop helle

Foar fierwei de measte fûgelsoarten wurde de ynstânhâldingsdoelen net helle. Fûgels dy't skulpen frette, sitte yn 'e hoeke dêr't de hurdste klappen falle. Eiders binne dêr in goed foarbyld fan.
In hoanskrobber bûtendyks
In hoanskrobber bûtendyks © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Foar de skriuwers fan de evaluaasjes is dúdlik dat de seeboaiem te faak oer de kop helle wurdt yn gebieten dêr't it tij en it waar de minste ynfloed hawwe.
It duorret wol tsien jier foardat de ûnderwetternatuer dêr wer oplape is. Yn dy ûnderwetternatuer yn relatyf rêstige, ûndjippe gebieten is romte foar mear langlibjende soarten. Mar dy krije gjin kâns. Benammen omdat der te folle fiske wurdt. It doel is om dy natuer te beskermjen.
Datselde stiet ek yn de Noardsee-evaluaasje.

Sletten gebieten

It advys foar de Noardsee is om de gebieten dêr't foar de garnalefiskerij al earder bepaalde ôfspraken oer makke binne (de saneamde Vibeg-sône twa), no hielendal te sluten. It Vibeg is in akkoart oer de fiskerij yn de Noardseekustwetters tusken fiskers, natuerorganisaasjes en it ministearje.
Mar ek de trochfeart foar alle skippen moat, op fargeulen nei, beheind wurde. Foar de Waadsee jildt dat der mear of bettere sletten gebieten komme moatte, sûnder dat der yn de net-ôfsletten gebieten mear fiske wurdt. En dat betsjut krimp fan de sektor.
In Waadplaat foar de kust fan It Amelân
In Waadplaat foar de kust fan It Amelân © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Mar hoe sit it mei aktiviteiten fan Rykswettersteat sels? De fiskers ferwize dan nei it baggerjen fan de fargeul nei It Amelân en sânsuppleesjes oan de Noardseekant fan datselde eilân en Flylân.
Yn it foar wurdt foar in sânsuppleesje yn detail yn kaart brocht oft der bygelyks ek skulpebanken lizze en oft der ek fûgels fersteurd wurde. Nei hoe't it úteinlik útpakt yn en nei de útfiering wurdt lykwols noch mar kwealik sjoen.

Proef

Yn it Amelanner gat tusken Skylge en It Amelân is earder wol in proef útfierd en dêr hie de suppleesje ynfloed op it ûnderwetterlibben.
Punt is dat it meastentiids net dien wurdt op de meast rêstige plakken yn see, dêr't it meast kwetsbere ûnderwetterlibben sit. Mei dêrom is yn dizze pilot de konklúzje dat de ynfloed op de natuer mar hiel beheind is.
Foar it baggerjen fan de fargeul nei It Amelân jildt dat it baggerfolume binnen de dêrfoar jildende grinzen bliuwt en oan hast alle easken foldocht.
Undersiker Roeland Bom fan it NIOZ op it Waad by It Amelân
Undersiker Roeland Bom fan it NIOZ op it Waad by It Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
In fûnemint ûnder de natuerbeskerming is dat je witte wat je beskermje en dat je de finger oan 'e pols hâlde, hoe't dit alles him ûntwikkelet en wêrtroch. Dat is dreech yn hiele dynamyske gebieten, lykas de Waadsee en de Noardseekust.
Ut beide evaluaasjes docht bliken dat dat noch net goed foar elkoar is. De auteurs fan beide evaluaasjes hawwe dochs in hiel soad ynformaasje byinoar brocht.

Monitoring

Mar sy konkludearje ek dat der in grut oantal nije monitoaringsprogramma's nedich is en besteande inisjativen útwreide of trochset wurde moatte. Boppedat is it geregeld ek al dreech om by besteande ynformaasje te kommen.
Der hawwe wol inisjativen west foardat Rykswettersteat natuerbehearder waard fan de wittenskip út om hjir wat oan te dwaan, mar dêrfoar is nea struktureel jild útlutsen.
Wat ek dúdlik is, is dat der fierstente min kapasiteit is foar it hanthavenjen fan regels en it tsjingean fan fersteuring. De wize wêrop't de natuerbeskermingswetjouwing yn elkoar stekt, helpt ek net echt. Mooglik jout de Omjouwingswet dy't no fan krêft wurden is, wol wat mear romte.