Cambuur is grutsk op âld-kollega Jan Sierksma: "Dit is in geweldige learskoalle foar him"

Jan Sierksma yn 2018, doe't er noch by Cambuur wurke
Jan Sierksma yn 2018, doe't er noch by Cambuur wurke © Dijks Fotografie
Der binne yn it betelle fuotbal mar trije Fryske trainers en foar ien fan harren wurdt in grutte takomst foarsein. De 39-jierrige Jan Sierksma fan Burdaard wurket by Jong AZ en komt freed syn âlde klup Cambuur tsjin.
It is earne ôfrûne simmer as de telefoan giet yn Boarnburgum. Henk de Jong is oan it reyntegrearjen nei syn holle-operaasje en hy sjocht de namme fan Jan Sierksma yn it skerm ferskinen.
Sierksma wol graach ris mei De Jong om tafel om te praten oer it fak fan betelle fuotbaltrainer. Se prate ôf. "Ik ha him wat tips jûn en we hawwe praat oer fuotbal, trainer wêze en hoe't ik saken doch", seit De Jong. "It is in leuke jonge. En ik lear ek fan sa'n jonge jonge. Hy docht it goed. Dêr bin ik supergrutsk op."

Takomstich haadtrainer by AZ?

De Jong tinkt dat it goed is dat Sierksma de stap makke hat nei Alkmaar. "Dit is in geweldige learskoalle foar him. Ik tink dat se him by AZ trochgroeie litte nei haadtrainer. Dan moast der klear foar wêze, ek foar wat der allegear om dy hinne bart. De druk fan bûtenút, de parse, de supporters. Dat wurdt in oar ferhaal. Mar dêr kin er moai hinne groeie."
Jan Sierksma, Fedrik Houtstra, SC Cambuur
Jan Sierksma (links) en Fedrik Houtstra (twadde fan rjochts) yn de simmer fan 2016 © Dijks Fotografie
It is 2014 as Jan Sierksma oan de slach giet by de jeugdoplieding fan Cambuur. Op dat momint hat de klup gjin eigen jeugdteams, mar in dielde oplieding mei FC Groningen. Sierksma assistearret yn syn earste twa seizoenen op frijwillige basis by de ûnder 14 en ûnder 15.
Yn it seizoen 2016/2017 begjint Cambuur mei in eigen jeugdoplieding. Sierksma krijt de einferantwurdlikheid oer de ûnder 17-ploech. Dat docht er twa seizoenen. Dêrnei giet er nei de ûnder 19.

Trije kwaliteiten

Fedrik Houtstra is no haad jeugdoplieding (HJO) fan Cambuur. As Sierksma by de Ljouwerters komt, is Houtstra dêr jeugdtrainer. "Jan was enorm gedreven toen hij hier binnen kwam", wit Houtstra noch. "Hij stak heel veel tijd en energie in het beter maken van spelers."
Neffens Houtstra hie Sierksma doe trije grutte kwaliteiten, nammentlik: each hawwe foar de yndividuele ûntwikkeling fan jeugdspilers, tagelyk prestearje en ek fernijingen yn de fuotbalwrâld folgje en tapasse.
Jan Sierksma, Jong AZ
Jan Sierksma by Jong AZ © Orange Pictures
Altyd better wurde wolle, is in topsportmentaliteit dy't Sierksma wichtich fynt. Mar, dat ferlanget er ek fan syn spilers, neffens Houtstra. "De norm in wat hij eist van de spelers, lag extreem hoog. We hebben zelfs wel eens gesprekken gehad over dat hij niet teveel van ze verwachtte."
Doe't Sierksma trainer waard fan Cambuur ûnder de 17, waard dy ploech hielendal nij gearstald om't de klup úteinsette mei de jeugdoplieding. Dêrtroch wie it nivo net fuortendaliks hiel heech. Houtstra: "Hij worstelde toen wel eens dat die norm niet zo hoog lag."

Bylden besjen

In foarbyld dêr't út bliken docht dat Sierksma de latte heech lei, is dat er faak bylden seach fan de bêste klups fan de wrâld. Dêrmei woe er ynspiraasje opdwaan foar syn eigen team. Wêr't er ek fan leard hat, is fan petearen mei ûnder oaren Louis van Gaal en Arne Slot.
"Jan is goed in netwerken", wit Houtstra. "Hij zocht z'n leermeesters ook wel bewust op. Dat heeft hij hartstikke slim en goed gedaan. Hij heeft zelf bewerkstelligd waar hij nu is, maar hij heeft alles gebruikt dat hij kon gebruiken. Dat is een mooie eigenschap: continu op zoek zijn naar het maximale."
In welke principes we hebben en wat we belangrijk vinden, heeft Jan best een groot aandeel gehad.
Haad jeugdoplieding Fedrik Houtstra fan Cambuur
De seis jierren fan Sierksma yn Ljouwert hawwe in 'legacy' opsmiten. Want de hjoeddeistige fyzje fan de Cambuurjeugd is diels gearstald troch Sierksma, seit Houtstra. "In welke principes we hebben en wat we belangrijk vinden, heeft Jan best een groot aandeel gehad."
Ek op it mêd fan de topsportmentaliteit hat de berne Dokkumer syn stimpel efterlitten. "Daarin heeft hij ook een basis gelegd qua topsportnorm. Dat is in de loop der jaren wel wat bijgeschaafd, maar hij heeft op die twee gebieden zeker wat achtergelaten", seit Houtstra.
Jan Sierksma, Jhondly van der Meer, SC Cambuur
De ûnder 17 fan Cambuur yn 2017, mei Sierksma sittend yn de midden en Van der Meer fjirde fan links op de middelste rige © Dijks Fotografie
Yn de jeugdoplieding fan Cambuur spile Jhondly van der Meer twa seizoenen ûnder Sierksma. Yn 2017/2018 yn de ûnder 17 en yn 2019/2020 yn de ûnder 19. Van der Meer hat him trochûntwikkele en hy spilet op it stuit yn it earste. "Ja, dat was een mooie tijd. Jan is een heel goede trainer, die weet wat hij wil."
Wat Van der Meer noch goed wit, is dat Sierksma dissipline hiel wichtich fûn. "Hij had altijd zoiets van: als je iets wilt, moet je daar echt voor gaan. Dat heb ik vooral van hem geleerd en dat heeft me ook echt geholpen. Daar ben ik hem nog steeds dankbaar voor", jout de 21-jierrige Ljouwerter ta.

"Superblij"

Koartsein: de rjochterferdigener is tige posityf oer syn âlde trainer. Van der Meer: "Ik was altijd wel blij met hem. Ik wist wel dat deze trainer heel ver ging komen en ik denk dat hij nog verder kan komen. Ik ben superblij voor hem."
Foar freedtejûn hat Van der Meer lykwols min nijs foar Sierksma: "Dan gaat hij absoluut verliezen. Dus bij deze Jan, succes!", laket er.
Ek Henk de Jong sjocht út nei it treffen mei syn jongere Fryske kollega. "Dan bin we efkes sportive fijannen", laket De Jong. "Net echt fijannen hear, mar gewoan sportyf."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong AZ begjint freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio by Omrop Fryslân. Dat begjint om 19.45 oere. Fanút it Cambuur Stadion docht sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar.
Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel werom te sjen.