Blautonge op de eftergrûn, mar skieppesektor hat grutte soargen foar de maitiid

Ien fan de skiep fan de famylje Reitsma yn Lippenhuzen
Ien fan de skiep fan de famylje Reitsma yn Lippenhuzen © Omrop Fryslân
Komt der takom maitiid wer in grutte útbraak fan blautonge? Dy fraach hâldt Fryske skieppehâlders dizze winter bot dwaande. Tûzenen skiep binne de ôfrûne moannen deagien oan de gefolgen fan itt firus.
De ôfrûne tiid is de fersprieding fan blautonge lykwols bot ôfnommen. Dat is goed te fernimmen op de pleats fan skieppehâlders Martin en Elsa Reitsma fan Lippenhuzen.
Sy ha op dit stuit noch mar ien skiep mei it firus. Guon oare bisten ha ferline wike krekt lamkes smiten en dy binne goed sûn.

Hurd troffen

De famylje Reitsma waard hurd troffen troch blautonge. Sa'n 270 skiep binne de ôfrûne moannen deagien.
Njonken dat it in emosjonele tiid west hat, rint de finansjele skea yn de tsientûzenen euro's.
Blautonge is ôfnaam, mar it is de fraach hoe't it yn 'e maitiid komt
"It hat echt wol in heftige tiid west", fertelt Elsa Reitsma. "Wy hiene in soad soargen, stress en fertriet. It gie ek echt hiel hurd. Somtiden hiene wy tweintich deade skiep op in dei. It gie ek om skiep dy't noch drachtich wiene, dus der binne ek noch in soad lamkes ferlern gien."
Skiep yn de stâl fan de famylje Reitsma yn Lippenhuzen
Skiep yn de stâl fan de famylje Reitsma yn Lippenhuzen © Omrop Fryslân
Op dit stuit binne der hast gjin besmettingen mear. Sa kinne de skiep, mar ek de Reitsma's efkes op azem komme. Hoe't it kin dat it no ynienen rêstich is?
"Dat is dochs echt wol it waar, it is in stik kâlder", leit Elsa Reitsma út. "Wy koene dat echt fernimme. Doe't it kâld waard, namen de besmettingen ôf. De 'knut' oerlibbet it net mei dit waar."
De ôfrûne moannen binne yn hiel Nederlân mear as 37.000 skiep deagien troch blautonge. Benammen folwoeksen skiep binne troffen troch it firus, sa is nei foaren kommen út in analyse fan laboratoarium Royal GD. De bisten hawwe faak lêst fan hege koarts, pynlike poaten en oermjittige flibeproduksje.
Blautonge komt út Súd-Afrika wei en treft skiep en oare wjerkôgers as geiten en kij. It is foar it earst sûnt 2009 dat de sykte wer yn Nederlân is. De bisten reitsje besmet troch de stek fan gnobmiggen ('knutten' yn it Hollânsk).
Oer de kommende wintermoannen makket de famylje him gjin soargen. Mar de grutte fraach is hoe't it aanst yn de maitiid komt. As de temperatuer wer oprint, komme de gnobmiggen nei alle gedachten werom, en dêrmei miskien ek wol it blautongefirus.
"As de michjes ien kear wekker wurde as it waarmer wurdt, wit ik net wat der dan wer bart", seit Martin Reitsma. "Miskien komt er hielendal net wer. Mar oars hoopje wy op in faksin of op help fan de steat."

Bedriuw yn gefaar

In nije útbraak fan blautonge kin de Reitsma's samar ris harren bedriuw kostje, tinkt er. "As wy wer sa'n klap krije, prate wy oer tonnen. Dat kinne wy net lûke. Ik soe net witte hoe't wy dat finansjeel bolwurkje moatte."
Skieppehâlders Martin en Elsa Reitsma fan Lippenhuzen
Skieppehâlders Martin en Elsa Reitsma fan Lippenhuzen © Omrop Fryslân
De hoop is de kommende tiid fêstige op in faksin. Yn it bêste senario soe dat der miskien healweis takom jier wêze kinne. "Wy hoopje dat dat wat trochset. Oars soe ik net witte wêr't wy de oplossing fine moatte. Dan komt der wer in enoarme klap foar de skieppesektor."