Krityk op systeem snelheidskontrôle Waadsee: ûnbetrouber en ynbrek op privacy

Wetterplysje
Wetterplysje © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It gebrûk fan Automatic Identification System (AIS), foar bettere hanthavening op de Waadsee, is ûnbetrouber en in ynbrek op de privacy. Dat seit Sunniva Fluitsma fan de Algemeene Schippers Vereeniging.
Fluitsma reagearret op de oanbefelling fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) fan ferline wike. De ûndersyksried skriuwt dat it brûken fan data, sa as AIS- en radargegevens, nedich is om te hanthavenjen op snelheid en fargedrach.

Wat is AIS?

AIS (Automatic Identification System) is in ynformaasjesysteem om feilichheid fan de skipfeart te boargjen. It systeem wurdt al sûnt 2003 brûkt om derfoar te soargjen dat seeskippen inoar identifisearje kinne en kommunisearje kinne.
As skippen út de beropsfeart aktyf binne yn de rekreaasjesektor op de Waadsee binne se ferplicht om AIS te ha. Allinnich foar skippen lytser as 20 meter is it net ferplicht. Rykswettersteat slacht dizze gegevens sintraal op yn in database mei GPS-lokaasjes.
De rie hat ûndersyk dien nei de situaasje op It Waad, nei oanlieding fan it ûngelok tusken de snelboat Tiger en wettertaksy De Stormloper. Fjouwer minsken kamen by dat ûngelok om it libben. It lichem fan ien fan harren, de 12-jierrige Riemer út Seisbierrum, is noch hieltyd net fûn.
De wettertaksy Stormloper nei it ûngelok
De wettertaksy Stormloper nei it ûngelok © Douwe Wiegman jr.
In wichtige konklúzje wie dat beide skippen te hurd fearen en dit ek struktureel diene waard op it plak fan it ûngelok.
Tagelyk konkludearret de ûndersyksried dat de hanthavening fan Rykswettersteat op snelheid yn de praktyk net realistysk is. Dit komt omdat se skippers op 'e die betraapje moatte. Dêrom komt de ûndersyksried mei in oanbefelling sadat dy hanthavening better kin.

Foutmarzje

Fluitsma seit dat it gebrûk fan AIS net geskikt is foar snelheidskontrôles om't it ûnbetrouber is. "Het systeem heeft een foutpercentage van 17 procent. Daar kun je niet mee handhaven. Een overtreding hoort met zekerheid vastgesteld te zijn, en daar kun je hier niet van spreken."
Skippen soene regelmjittich yn werklikheid op oare plakken wêze, dan wêr't websites as Marinetraffic oanjouwe dat se binne. "Regelmatig zien de scheepseigenaren hun eigen schip op een heel andere plek varen, soms zelfs over land."

Privacy

Dêrneist soe it systeem in ynbrek wêze op de privacy fan de bemanning en de skippers, dy't faak ek op it skip wenje. Fluitsma begrypt net dat dit oerwoegen wurdt. "We zouden het onvoorstelbaar vinden als trackers op auto's verplicht zouden worden, terwijl men dat voor de binnenvaart geen enkel probleem lijkt te vinden."
AIS transponder
In AIS-transponder © Omrop Fryslân
Der binne al langer soargen oer privacy by de skippers. Dêrom hat it juridysk advysburo Considerati yn 2017 ûndersyk dien nei privacy. Dat ûndersyk waard útfierd yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu.
Yn it ûndersyk stiet ek dat de lokaasjegegevens wat sizze kinne oer rûtines en foarkarren fan in yndividu. "Ook kunnen uit deze gegevens conclusies worden getrokken die een impact kunnen hebben op de persoonlijke levenssfeer van de betrokkene. Het verwerken van deze persoonsgegevens brengt daarom ook een verhoogd risico met zich mee."
Fluitsma hat dyselde soargen. "Zo horen wij al van drugs in containers die makkelijk te volgen zijn door criminelen omdat het binnenvaartschip zo makkelijk te volgen is."

Ferrûn konvenant

As lêste hat Fluitsma krityk op de oerheid, omdat der al sûnt 2006 in ôfspraak is dat dit AIS-systeem nea brûkt wurde soe foar hanthavening. Tagelyk stiet yn it ûndersyk fan Considerati dat it konvenant, wêr't dizze ôfspraak mei de oerheid yn stiet, al ferrûn is en der gjin nij konvenant is.
Wij houden de overheid aan haar belofte.
Sunniva Fluitsma, Algemeene Schippers Vereeniging
Fluitsma: "Een verplichting tot gebruik van AIS is er alleen gekomen omdat de overheid heeft beloofd dit nooit als opsporingsmethode te gebruiken. Wij houden de overheid aan haar belofte."
De fraach is wat it ministearje dwaan sil mei de oanbefelling. Yn 2015 stie minister Melanie Schultz van Haegen (Ynfrastruktuer en Miljeu) noch wol efter it konvenant. Yn in brief oan de Twadde Keamer skreau se oer AIS: "De gebruikte apparatuur is bedoeld voor verkeersbegeleiding, calamiteiten en milieudoeleinden. De apparatuur is ongeschikt voor de handhaving van snelvaren."
Wat hjoeddeistich minister Harbers fan de oanbefellings fynt is noch net dúdlik. Foarige wike liet er yn in skriftlike reaksje witte dat er der gau nei sjen sil: "Het ministerie gaat hard aan de slag om snel invulling te kunnen geven aan deze aanbevelingen. De officiële kabinetsreactie volgt in het eerste half jaar van 2024."