Stik feangreide by Akkrum moat in wier lângoed wurde, mei fertsjinmodellen foar boeren

feangreidegebiet
Feangreidegebiet © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Nee, in grutte poarte mei in oprydleane sil der foarearst net komme. Mar it stik feangreide súdwestlik fan Akkrum, sa'n 300 hektare grut, moat in soart modern bûten wurde. Wêrby't foar de boer, dy't no noch buorket op 'e greide, genôch te fertsjinjen bliuwt.
Akkrum leit yn it feangreidegebiet, dêr't it wetterpeil sakket. As feangreide drûch komt te lizzen, begjint it te oksidearjen en fersakket de grûn. De fundearring fan de huzen en diken yn it gebiet kin dêrtroch skea oprinne.
Ek is der in hegere útstjit fan CO2. Dêrom wurdt de kommende jierren it wetterpeil omheech brocht. Dat hat grutte gefolgen foar de boeren yn it gebiet. Want, hoe moatte dy har jild fertsjinje op lân dat hieltyd wieter wurdt?

Landgoed Goedland

"Wat it idee fan in lângoed mei him meibringt, is dat der ferskate aktiviteiten yn deselde omjouwing plakfine", fertelt projektlieder Albert van Zadelhoff, dy't de plannen tongersdeitejûn presintearre.
Hy leit út dat boeren minder fertsjinje as it wetterpeil omheech giet. "Dêr moat dus wat by komme, en dat wolle wy realisearje op dat takomstige lângoed."
By it feangreidegebiet giet it rûchwei om in gebiet om de Fryske marren hinne, mei útrinners yn de beekdellingen. It is 89.000 bunder grut, wêrfan't 59.000 bunder yn gebrûk is by boeren. Dan giet it om sa'n 1.100 bedriuwen dy't mei-inoar foar sa'n 8.000 banen soargje.
Mar der sit ek hiele wichtige, Europeesk beskerme natuer, lykas nasjonaal park De Alde Feanen.
De ôfrûne jierren hat Van Zadelhoff, yn 'e mande mei de inisjatyfnimmers, dwaande west om út te sykjen wat dêr dan by komme kin. "It earste is wentebou en it twadde is duorsume enerzjyfoarsjenning. Wannear't we dat goed dogge, yn gearwurking mei de mienskip, wurdt it finansjeel ek nijsgjirrich foar de boer."

Enerzjy, wenje en rekreaasje

Op in skets, makke op inisjatyf fan de ynwenners fan Akkrum, is yntekene hoe't it stik greide der oer tsien of tweintich jier útsjen kin. Mei ferskate kleuren is bygelyks in wenwyk yntekene, stiet der in enerzjyfabryk en is der romte foar de tylt fan tuorrebouten. Dy plant is in natuerlik isolaasjeprodukt.
Fierder kin der romte wêze foar rekreaasjewenninkjes.
Kaartje Akkrum FRL
De skets dy't ynwenners fan Akkrum makke ha foar it stik feangreide by it doarp © Omrop Fryslân
"Guon saken kinne wy fansels earder realisearje as oaren. Sa wolle we graach de kommende jierren de doarpstún ûntwikkelje. Mar spitigernôch duorret it wol fiif oant tsien jier foar't je wentebou of in duorsume enerzjyfoarsjenning foar mekoar krije."

Tagongspoarte

En wannear't we dan it lângoed begean kinne fia dy tagongspoarte? "Ja, dy moaie poarte, miskien moatte we dêr dochs ris oer neitinke", laket Van Zadelhoff. "Mar we wolle it in hiel werkenber ûnderdiel fan it doarp meitsje. Dat je daliks sjogge: hjir binne je op it lângoed."
Neffens Van Zadelhoff leit de bal foar de wentebou no foarearst by de gemeente Hearrenfean. Dy moat mei in struktuerfyzje foar it gebiet komme.