Ried Amelân hâldt him stil oer PowNed-ynsidint: "Wij mengen ons niet in onderzoeken"

Alde bylden fan it Sunneklaasfeest
Alde bylden fan it Sunneklaasfeest © Omrop Fryslân
"Wij verdedigen onze mensen. Dat doe ik altijd." Mei dizze wurden iepene Ameland'82-riedslid Rudolf Teuben moandei syn ferhaal by de riedsgearkomste fan de gemeente Amelân.
It wie de earste kear dat de ried wer byinoar kaam sûnt de opskuor om it Sunneklaasfeest fan 5 desimber hinne. Dêrby rekken eilânbewenners yn konflikt mei PowNed-sjoernalisten.
Hoewol't it eilân sûnt dy tiid folop yn it nijs is, wie der by de gearkomste fan in grimmitige sfear gjin sprake.
Yn de gearkomste - dy't frij tagonklik wie foar de parse en ek live te folgjen wie fia YouTube - holden de measte riedsleden harren opmerklik stil oer wat der ferline wike bard is.

Ameland'82 yn 'e bres

Allinnich Teuben stelde fragen. Hy spruts him út oer de situaasje en sprong foar de belutsen eilânbewenners yn 'e bres.
"Ik keur de acties die gedaan zijn niet goed, dat had anders gemoeten. Maar ze hebben wel onze steun nodig, want ze staan voor het eiland, voor het feest en voor ons allemaal."
Boargemaster Leo Pieter Stoel woe him noch net útlitte oer it foarfal. Hy wachtet it ûndersyk ôf foardat hy mei de parse praat. Wol reagearre er op de fragen fan Ameland'82 oer de stipe dy't de gemeente al of net jaan moat oan de manlju dy't by it ynsidint belutsen binne.
"Wat ons betreft geven wij daar geen ondersteuning aan", sei de boargemaster. "Wij mengen ons niet in de procedures en onderzoeken die plaatsvinden. De politie en het Openbaar Ministerie moeten hun werk doen en wij moeten afwachten welke conclusies daaruit komen."
Ek nei de riedsgearkomste wie Stoel net beskikber foar kommentaar. Hy gie fuortendaalks nei de ein fan de gearkomste fuort.
De gemeenschapszin op het eiland is sterk, dus wij komen er wel uit.
Rudolf Teuben, riedslid fan Ameland'82
Hoe't it fierder sit mei de belutsen eilânbewenners en it Sunneklaasfeest, is ôfwachtsjen. Teuben bliuwt yn elts gefal posityf.
"Ik kijk met vertrouwen vooruit. De gemeenschapszin op het eiland is sterk, dus wij komen er wel uit. Met elkaar gaan we voor het feest. We houden het zeker weten boven water."