Liveblog | 12 desimber 2023

112-nijs: Twa auto's botst yn Finkegea | Bestelbus op 'e side yn akwadukt Ljouwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 12 desimber 2023, 17:42
17:42

Fikse selstraf easke tsjin Burgumer drugsdealer

It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan tweintich moannen, wêrfan seis ûnder betingst, easke tsjin in 32-jierrige âld-ynwenner fan Burgum. De man wurdt fertocht fan it hannelje yn kokaïne en belutsenens by in wytplantaazje yn Dokkum.

Tsjin syn "loopjongen", in 26-jierrige Burgumer, waard in wurkstraf fan 240 oeren en seis moannen selstraf ûnder betingst easke.

Beide manlju moatte sa'n 24.000 euro werombetelje oan de Steat. Dêrneist mat de âldste fertochte noch 210.000 euro ekstra werombetelje. Dat jild soe hy fertsjinne ha by in Dokkumer wytplantaazje.
17:00

Plysje docht klûskeskontrôle op skoalle yn Drachten

De plysje hat op moandei 11 desimber in klûskeskontrôle dien op it Drachtster Lyceum. De kontrôle wie yn gearwurking mei de skoalle.

De klûskeskontrôle wie fanwegen de kommende jierwiksel. Dêrom waard der socht nei yllegaal fjoerwurk.

Sa'n tredde fan de 1350 klûskes bin kontrolearre. Yn de klûskes waard neat fertochts fûn.
13:37

Twa auto's botst op Noordwolderweg yn Finkegea

De situaasje op de Noordwolderweg
De situaasje op de Noordwolderweg © BTBfotografie
Yn Finkegea binne tiisdei twa auto's mei-inoar yn botsing kaam op de Noordwolderweg. It ûngelok barde om 12.30 oere hinne, doe't ien fan de weinen fan de dyk ôf draaie woe. Nei alle gedachten seach de bestjoerder fan de oare auto dat te let.
De plysje en in ambulânse binne op it plak kaam. Ien man is ta kontrôle ûndersocht yn de ambulânse, mar hy hoegde net mei nei it sikehûs. De auto's binne yntusken fan it plak helle.
09:45

Koade giel fanwegen mist

Oant 12.00 oere jildt noch koade giel yn Fryslân yn ferbân mei mist. Pleatslik is der minder as 200 meter sicht. It ferkear en oare bûtenaktiviteiten kinne der lêst fan hawwe. Yn de twadde helte fan de moarn lost de mist wer op.
07:30

Bestelbus bedarret op syn side yn akwadukt Ljouwert

Sa lei de bestelbus op syn kant
Sa lei de bestelbus op syn kant © AS Media
Ofrûne nacht bedarre der yn Ljouwert op de Johannes Brandsmawei (N359) in bestelbus op syn kant troch noch ûnbekende reden. De auto lei op 'e side midden yn it Margaretha Zelle Akwadukt.
De plysje en in ambulânse wiene gau te plak. It is net bekend makke oft de bestjoerder ferwûne rekke is. De plysje hat tydlik in rydstripe ôfsletten om it ûngelok feilich ôf te hanneljen.
06:12

Rykswettersteat lit autobrêge Lauwerseach ferfange

De fearhaven by Lauwerseach (argyffoto)
De fearhaven by Lauwerseach (argyffoto) © ANP
Rykswettersteat hellet tiisdeitejûn yn Lauwerseach nei de lêste boat nei Skiermûntseach de autobrêge derút. Dy is ta oan grut ûnderhâld, neffens Rykswettersteat os de brêge oan 'e ein fan syn libbensdoer.
De brêge en syn boppebou geane foar in jier nei de wurkpleats. Salang komt der in tydlike brêge. It wurk oan de fearhaven yn Lauwerseach is ûnderdiel fan in grutter projekt, yn meardere havens yn it Waadgebiet wurde ûnderdielen ferfongen of renovearre. Dat wurk duorret noch sawat oardel jier.
Ein 2024 wurdt it renovearre brêgedek werompleatst. It wurk fan tiisdei hat gjin grutte gefolgen foar de tsjinstregeling fan Wagenborg Passagiersdiensten.
Neffens Geert Jan de Groot fan Ryskwettersteat kinne de minsken dy't tiisdei nei Skiermûntseach wolle der allinne in lyts bytsje hinder fan ûnderfine. "We hebben verkeersregelaars ingezet om de mensen van de boot te krijgen. Maar de fysieke werkzaamheden vinden in de avond plaats."