Fersakke huzen yn Weststellingwerf meitsje yndruk: "Moet verschrikkelijk zijn"

It hûs fan Pieter en Ellen Dekker yn Spangea is flink skansearre
It hûs fan Pieter en Ellen Dekker yn Spangea is flink skansearre © Omrop Fryslân
Der moat in rjochtfeardige en útfierbere oanpak fan fundearringsskea komme. Dat is de ynset fan de Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur (RLI).
De Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur is in kolleezje foar it Nederlânske regear en it parlemint, dat ûnofhinklik advys jout oer beliedsfraachstikken. De ried is drok dwaande mei in advys foar it kabinet foar sa'n nasjonale oanpak en gie dêrom moandei op wurkbesite yn Weststellingwerf.
Yn it westen fan dy gemeente binne ferskate huzen en pleatsen bot fersakke troch ûnder oare djipte-ûntwettering en it ynklinken fan de feangreide.
Jantine Kriens fan de Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur wie ûnder de yndruk fan wat se yn Weststellingwerf seach en hearde.
Het moet verschrikkelijk zijn om zo'n gebouw waar je van houdt af te breken. Er kan dan wel subsidie zijn, maar het blijft erg.
Jantine Kriens (Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur)
"Je voelt de betrokkenheid bij de panden. Die prachtige boerderij van de familie Dekker geldt nu officiëel als gevaarlijk. Het moet verschrikkelijk zijn om zo'n gebouw waar je van houdt af te breken. Er kan dan wel subsidie zijn, maar het blijft erg."
De famylje Dekker is op it stuit dwaande mei de fundearring foar in needwente oan de foarkant fan de pleats. Sadree't dy klear is, sil de famylje dêr wenje en kin begûn wurde mei plannen om de âlde pleats ôf te brekken.
De pleats fan de famylje Dekker is ien fan de saneamde 'koade read'-gefallen yn Weststellingwerf.
Guon skuorren binne sa grut dat der in hân yn past
Guon skuorren binne sa grut dat der in hân yn past © Omrop Fryslân
Fundearringsskea is neffens Kriens in nasjonaal probleem. Njonken Fryslân hat benammen Súd-Hollân dermei te krijen yn plakken as Dordrecht, Gouda en Rotterdam. "Het gaat daar om veel meer woningen en bewoners, maar dat betekent niet dat het in Friesland minder erg is."
Kriens fynt dat der nasjonaal belied komme moat dat rjochte is op it foarkommen fan nije gefallen mei fundearringsskea yn de takomst.
Foar de pleats fan Dekker wurde de fûneminten slein foar in tydlike needwenning
Foar de pleats fan Dekker wurde de fûneminten slein foar in tydlike needwenning © Omrop Fryslân
"Het probleem is erg onder de pet gehouden. Er zijn nog steeds mensen die een huis kopen zonder te weten dat er een funderingsprobleem is. Die informatievoorziening moet echt beter."
Het probleem in Fryslân is te groot voor gemeente, provincie en Wetterskip om alleen op te lossen.
Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf
Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf beskôget de besite fan de Raad voor de Leefomgeving as erkenning fan it slimme probleem. "Het probleem in Fryslân is te groot voor gemeente, provincie en Wetterskip om alleen op te lossen."

Lieningen moatte better tagonklik wurde

Hy pleitet foar praktyske oplossingen foar slachtoffers fan fundearringsskea. "Mensen die het probleem zelf willen oplossen, kunnen vaak geen lening meer krijgen van de bank. Er is een Fonds Duurzaam Funderingsherstel, maar mensen vertellen ons dat dat erg lastig toegankelijk is. Daar moet iets aan gedaan worden."
De Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur stribbet dernei om harren advys yn febrewaris te presintearjen, sadat it nije kabinet der mei faasje mei oan de slach kin.