Spanning yn Tytsjerksteradiel op wei nei klimaks: komt der in biofergêster by Sonac?

In protestboerd yn Burgum
In protestboerd yn Burgum © Omrop Fryslân
De opskuor en spanning om in nije biofergêster fan Sonac berikt in hichtepunt. De gemeente Tytsjerksteradiel stimt tongersdeitejûn oer de plannen dy't ferskate Burgummers en Sumarders al skoften yn de besnijing hâldt.
"Stim net foar dy multinasjonal út Texas, mar foar je eigen ynwenners", sizze Jellie Herder en Greetje Douma fan Biovergistervrij Burgum/Sumar. Sy dogge de oprop oan de polityk yn Tytsjerksteradiel om de plannen jûn fan tafel te heljen.
Sonac wol in biofergêster fan 24 meter heech op it eigen terrein bouwe. Yn Burgum binne yntusken protestbuorden pleatst by it gemeentehûs mei de tekst: 'Meer stank? Gemeente.. nee bedankt'.
De nije biofergêster fan Sonac hâldt de ynwenners fan Burgum en Sumar dwaande
Der is al moannen in soad te dwaan oer de biofergêster fan Sonac. It beslút waard earder troch de gemeenteried útsteld, omdat de politisy mear tiid hawwe woene. No komt der nei alle gedachten in beslút.
"Wy snappe gewoan net dat dizze plannen besprutsen wurde", seit Jellie Herder. Sy mocht wiken ferlyn de ried tasprekke op in gearkomst foar omwenners. Dêr waarden hurde wurden brûkt troch ferskate oanwêzigen. Sa wurdt der sprutsen oer in 'rotpijp' en in 'bloedrode stroom die groen gemaakt wordt'.
Jellie Herder sprekt op de gearkomste
Jellie Herder sprekt op de gearkomste © Omrop Fryslân
It binne net de wurden fan Herder, mar sy hat ek noed oer de plannen. "Wy krije ek gewoan gjin antwurd op de fraach oft it mear stjonken giet of net. At je die antwurden net krije, dan witte je eins wol genôch."
De aksjegroep Biovergistervrij Burgum en Sumar fynt dat der noch te folle ûnwissichheden binne om in beslissing te nimmen.

Dierlike reststoffen

De fergêster fan Sonac bestiet út trije tuorren dy't allegear 24 meter heech wurde. Sonac wol in ynstallaasje bouwe dy't dierlike reststoffen fergêstet ta gas. Mei de ynstallaasje kin sa'n 140.000 ton it jier ferwurke wurde. It smyt biogas op foar likernôch 12.000 húshâldingen. Dêrfoar binne meardere nije bouwurken nedich, wêrfan't trije silo's fan 24 meter heech it meast opfalle.
Sa moat de nije ynstallaasje by Sonac derút komme te sjen
Sa moat de nije ynstallaasje by Sonac derút komme te sjen © Sonac
Doarpsbelang Burgum hat ek noed oer de plannen, al sjogge sy ek perspektiven. "Der binne 12.000 húshâldings op oan te sluten", seit Richine van der Hoek. "Dat betsjut dus dat der in soad kânsen lizze foar bewenners. Mar dochs ha we ek grutte soargen, want wy krije gewoan net goed genôch de antwurden. It is in komplekse saak en at de earlike ferhalen dan ek fuortbliuwe..."

Wat docht in biofergêster?

De biofergêster yn Sumar set saneamde 'reststromen' út ôffal om yn gas. Reststreamen steane ek wol bekend as 'dierlijke bijproducten'.
Dat binne de produkten fan bisten dy't minsken net ite, lykas bloed of hier. Dy wurde by it ferwurkjen fan fleis net brûkt. By Sonac (foarhinne bekend as Rendac) wurde gjin kadavers ferwurke.
"Dêrnjonken gebeurt der al sa'n soad yn Burgum", fynt Van der Hoek. "Wy sitte hjir mei wetterwinning, it giet hjir om wentebou en de yndustry giet mar fierder. Ik rop de gemeente dan ek op om nei it totaalplaatsje te sjen en net al dy projekten wat ûnôfhinklik fan inoar beoardiele. Bliuwt der noch in leefber Burgum op dizze wize?"
Neffens Sonac yn Burgum binne alle protesten basearre op ûnwissens. "Wy ha gewoan in fergunning", seit Richard Dijkstra, direkteur fan it bedriuw.
"Wy ha fansels ek gewoan altyd kontrôles. De FUMO hâldt ús yn de gaten en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit komt periodyk del. Wy ha de ôfrûne jierren sjen en rûke litten dat de útstjit hieltyd minder wurdt. It giet goed en dat moatte wy sa hâlde."

Fuortwurkje

De tsjinstanners ha ek noed oer it kappen fan beammen, mar dat is neffens Dijkstra gjin argumint. "It binne as earste ús eigen beammen, want alles komt gewoan op ús eigen terrein. Dêrnjonken plantsje wie der beammen foar werom om de fergêsters wat fuort te wurkjen."
"Boppedat komme dy fergêsters oan de dyk, by de rotonde. Dy leit al op in ferheging en dus sjogge je earst tsjin dat talúd oan en kin it net sa wêze dat omwenners dy tuorren sjogge."
Richard Dijkstra, direkteur fan Sonac
Richard Dijkstra, direkteur fan Sonac © Omrop Fryslân
Oer de fergunning bestiet al langer gedoch. In pear wiken ferlyn wie der in gearkomste foar omwenners Burgum en Sumar om yn te sprekken. Dêr kaam it punt al ûnder de oandacht. "Wy bliuwe altyd binnen ús fergunning", seit Dijkstra. Tsjinstanners sette dêr fraachtekens by.
"De Sonac sit op dit stuit binnen de fergunning, mar sit der ek behoarlik ûnder", seit Jellie Herder. "Stel je sitte op 60 prosint fan fergunde emisje-útstjit, mar sy gean no nei 90. Dan bliuwe se yndie binnen de fergunning, mar stjonkt it foar ús folle mear as dat it no docht."
De gemeente moat jûn in ferklearring fan gjin betingsten ôfjaan.

Wat is in 'ferklearring fan gjin betingsten'?

De gemeente Tytsjerksteradiel moat jûn wol of net in 'verklaring van geen bedenkingen' ôfjaan. Sa'n ferklearring betsjut dat ferskate bestjoersorganen ynstimme moatte foardat in fergunning op basis fan de omjouwingswet ferliend wurde kin.
De provinsje jout úteinlik de fergunning foar de nije biofergêster, mar de gemeente kin it wol tsjinwurkje. As sy de ferklearring net ôfjouwe, mei de provinsje der net mei oan de gong. Sy kinne de ferklearring bygelyks wegerje op basis fan protesten troch omwenners.
It is noch net dúdlik hokker kant it tongersdeitejûn út giet en wat de gemeenteried stimme sil. Dat docht bliken út in rûnfraach fan Omrop Fryslân. Dochs hopet Herder dat de gemeente goed lústerje wol nei de eigen ynwenners. "Kies foar de omwenners dy't dermei te krijen ha en net foar it grutkapitaal."