'Atypyske' Joost Klein makket de tongen los: "Hy giet syn eigen gong en is ûngrypber"

Joost Klein
Joost Klein © ANP
Dat Joost Klein as Nederlânske ôfgesant nei it Eurovisie Songfestival giet, makket by in soad minsken de tongen los. By muzykleafhawwers, songfestivalfans, en ek by Fryske deputearren. "Dit is moai foar Joost, mar ek foar Fryslân. Ik bin hartstikke grutsk", seit Sijbe Knol.
Willem de Vries neamt de kar foar Joost "in geweldige stunt". De presintator fan Noardewyn fan Omrop Fryslân fynt him in atypyske sjonger foar it Eurovisie Songfestival. "Hy falt nammentlik net bepaald te fergelykjen mei bygelyks Anouk en Douwe Bob, eardere dielnimmers út namme fan Nederlân."

Grutte twadieling

Neffens De Vries kin it net oars dat Joost foar in twadieling soargje sil. "In soad minsken fan in bepaalde leeftiid ôf sille it totaal net sitten sjen. Mar de jeugd fynt him geweldich."
"Mei Joost krijst in soarte ADHD-show"
Sels is de presintator bliid mei it nijs. "Hy makket muzyk dy't je net faak hearre. Syn ferskes binne opdield yn brokken. It giet alle kanten út, yn de goede sin fan it wurd."
Fierder neamt De Vries him de personifikaasje fan de popmuzyk. "Dat is omdat je dêr folsleine frijheid genietsje. Dat past by him. It is ien dy't syn eigen gong giet en ûngrypber is."
Je soene tinke dat de kommisje op safe spylje soe, nei it debakel mei Mia en Dion. Mar dat is mei Joost lang net it gefal.
Noardewyn-presintator Willem de Vries
De Vries is dêrom benijd hoe't Joost de wei nei it Eurovisie Songfestival belibje sil. Want dielname bringt de nedige ferplichtingen mei him mei. "Hy sil him foar in part konformearje moatte. Der wachtsje parsekonferinsjes, en elke sucht of skeet komt yn 'e media. Syn frijheid sil dus beheind wurde."
"Je soene tinke dat de kommisje dizze kear op safe spylje soe, nei it debakel mei Mia en Dion. Mar dat is mei Joost lang net it gefal", seit De Vries. "It is in alles of neat-gefal."
Joost Klein
Joost Klein © ANP
Douwe Gerlof Heeringa, kenner fan it Eurovisie Songfestival, ferwachtet dat it 'alles' wurdt. "Hy sil meidwaan om de titel. Wat Loreen foar Sweden wie, is Joost aanst foar Nederlân. Finlân waard ferline jier twadde, mei in selde soart enerzjy as Joost. Dit is dus de kâns om dat rjocht te setten", seit Heeringa.
Heeringa kwalifisearret Joost syn nûmers as autentyk. "Dy saneamde memetechno fan him is nij. Al dy enerzjy dy't dêrby los komt, sil foar in 'moshpit' soargje foar it poadium yn Malmö. Oftewol: in grutte rûnte wêryn't manlju al beukend losgeane op de muzyk."
Douwe Gerlof Heeringa
Douwe Gerlof Heeringa © Omrop Fryslân
Heeringa folget Joost al sa'n seis jier en fynt dat hy in bline flek bleaun is yn Fryslân. "Hy hat op de grutste poadia fan Nederlân en België stien: Pinkpop, Lowlands, Zwarte Cross, Rock Werchter, Pukkelpop. Mar hy spile net by Arcadia of doe't Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie. Yn it kulturele wrâldsje yn Fryslân is er net opfallen. No slacht er keihurd werom."
Oft hysels ek ôfreizget nei Sweden, wit Heeringa noch net. Mocht dat it gefal wêze, dan sil dat mei in ticket foar in steanplak wêze. "Dan kin ik de moshpit yn."

Ynzoome op Fryslân

Deputearre Sijbe Knol hat sels noch kampanje fierd om Joost Klein op it Eurovisie Songfestival te krijen. Hy neamt it in boppeslach dat dat no ek slagge is. "Doe't ik it seach, tocht ik: dit is moai foar Joost, mar ek foar Fryslân. Ik bin hartstikke grutsk."
"Minsken sille ynzoome op Fryslân. Hy is sels ek net fergetten wêr't er weikomt, en lit dat ek sjen yn syn shows. Foar de jongeren is hy in goede ynspiraasjeboarne."
Sijbe Knol: "Dit is prachtig foar Joost, mar ek foar Fryslân"
Knol hat sels ôfrûne novimber noch by in konsert fan Joost west yn Amsterdam. "It wie ien en al eksplosiviteit. In jûn dêrfoar wie AVROTROS der mei in swiere delegaasje. Se sille sizze dat it net meiteld hat, mar ik bin derfan oertsjûge dat it seker bydroegen hat oan it resultaat."
It moaiste fynt Knol it foar Joost sels. "Hy hat it net maklik hân yn it libben. De ferhalen binne bekend. Sjochst no datst mei de juste minsken om dy hinne echt wat berikke kinst."