Tjeerd de Groot wike nei ôfskied wer ynstallearre yn Keamer

anp
Tjeerd de Groot © ANP
Tjeerd de Groot fan Wâldsein is wer Keamerlid. In wike nei it ôfskied fan de D66'er, is er wer ynstallearre. De eed, dy lei er yn it Frysk ôf.
De Groot stie op plak 10 fan de kandidatelist fan D66 en dat wie krekt net heech genôch om yn de Twadde Keamer te kommen. Syn partij kaam by de ôfrûne ferkiezingen 160 stimmen tekoart foar in tsiende sit.
Dochs mei De Groot no wer sitting nimme yn it parlemint, omdat D66-Keamerleden Hanneke van der Werf en Ilana Rooderkerk mei kreamferlof sille.

Wike 'wurkleas'

Om ferlof te krijen, moat in Keamerlid earst ynstallearre wurde. Dêrom moast De Groot ôfrûne wike al ôfskie nimme. Dêr sei De Groot by: "Het is een beetje raar, het is heel formeel. Liever had ik hier even weggebleven, maar dat is ook niet de bedoeling."
Wol hâldt De Groot rekkening mei soksoarte situaasjes: "Ik ben de eerste opvolger, dan moet je de plannen weer omgooien. Ik heb nu zes dagen tussen het afscheid en de installatie, dat zijn de eerste zes dagen in mijn leven dat ik zonder baan zit. Dat is een bijzondere ervaring."
Op kreamferlof yn de Twadde Keamer stiet in soad krityk. Sa wie D66'er Hanneke van der Werf al sûnt oktober mei ferlof.
De regels skriuwe lykwols foar dat Keamerleden allinnich mar nul of sechstjin wiken ferlof meie. Net in perioade der tuskenyn. Mei de nije Keamer giet sa'n perioade op 'en nij yn.
Earder neamde Van der Werf de regels yn it AD al 'vrouwonvriendelijk'.
De Groot hie de ôfrûne jierren foar D66 de lânbou yn syn dossier. Hy kaam faak yn it nijs fanwegen syn útspraken oer it werombringen fan de feesteapel. Dat smiet him ek faak bedrigingen op.
De Groot bliuwt oant maart yn de Keamer.

Fryske fragen

De yn Haarlem berne De Groot set nei syn beëdiging fuort útein mei skriftlike fragen oer de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK). Dat binne ôfspraken oer hoe't it Ryk en de provinsje de Wet Fryske Taal útfiere.
De hjoeddeiske ôfspraak (2019-2023) rint yn desimber ôf en dêrom moat der takom jier in nijen lizze. It kabinet hat de ûndertekening fan de BFTK útsteld.
Net eltsenien yn Fryslân is sa wiis mei it útstellen fan de ûndertekkening. Organisaasjes en beliedsmakkers wolle graach witte wêr't se oan ta binne en wêr't se de kommende jierren oan wurkje kinne. Dus is de hoop dat de ôfspraken gau definityf wurde.
Om de druk op it kabinet te hâlden, hat De Groot tiisdei skriftlike fragen ynstjoerd. "In Fryslân willen ze door en willen ze zekerheid", seit De Groot. De fragen wurde mei-yntsjinne troch de Fryske Keamerleden Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) en Aant Jelle Soepboer (NSC).