HEA! Leaver bisten as minsken

HEA! Oan 'e muorre: kattefrou
Sy stie bekend as it 'kattefroutsje' fan Nij Altena. Jacqueline Claus kaam yn 2008 geregeld yn it nijs omdat se mear as 100 katten opfong yn har 'Poezenparadijs.'
De buorlju hiene dêr wol fan te lijen en op lêst fan de rjochter moast se úteinlik in grut tal katten fuortdwaan. Frou Claus wennet noch altyd yn har hûs oan de dyk, no noch mar mei in pear katten.
Sy hat net in maklik libben hân. As 'befrijingsbern' hat se har heit net meimakke en har mem stoarn doe't se noch gjin fjouwer jier wie. Se wurke as 15-jierrige al yn in fabryk en krige psychyske problemen.
Claus libbet no leaver mei bisten as minsken om har hinne. Dochs seit se noch folop fan it libben te genietsjen. Sy hopet wol 90 jier te wurden.