Tet Rozendal makket rentree nei harsenletsel: "Ik bin bliid dat ik wer libje kin"

Tet Rozendal
Tet Rozendal © Omrop Fryslân
Nei har fal dêr't se harsenletsel by oprûn, is Tet Rozendal al wer aardich op wei werom. Op it heden is se dwaande mei in teäterstik dat se sels skreaun hat. Se spilet se net mei, mar docht fierders wol alles.
Utglydzje en falle op in glêd paadsje en dêrnei jierrenlang yn de lapekoer sitte. Dat oerkaam Tet Rozendal. Se koe gjin drokte oan de holle ferneare. Stadichoan klaude se wer by de wâl op.
No folget se, njonken har teäterstik en radiowurk, ek in oplieding foar terapeut. Se is wer âlderwetsk Tet dy't mei fan alles en noch wat dwaande. Tet: "As myn lichem it oan kin, doch ik it."
Foar't harsenletsel har trof, wie se in aktive, alsidige, keunstsinnige frou dy't in soad nije dingen besocht. "Ik bin in spûns, in hiel nijsgjirrich minsk. Stean oeral foar iepen."
Tet Rozendal (1983) draait al langere tiid mei yn teäterwrâld. As dûnseres, sjongeres, aktrise, skriuwster en produsinte. Yn 2000 wûn se it NK jazzballet.
Dêrnei siet se by it profesjonele dûnsteäter en folge se balletlessen en lessen yn oare dûnssoarten. Letter kaam dêr sjongen en aktearjen by. Bekende stikken fan har binne Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich (2013) en Mata Hari (2017).
Sûnt koart presintearret se tegearre mei Roelof Lousma it radioprogramma Op en Ut op sneontemoarn op Omrop Fryslân. En se hat in toanielstik skreaun en sels produsearre dat op 16 febrewaris 2024 yn premjêre giet.
Fan it selsskreaune stik Allinnich Anna is Tet kreatyf produsint. Nynke Heeg, Wybo Smids en Romke Gabe Draaijer spylje de rollen. Sels spilet Tet net mei en dêr hat se ek gjin momint oan twivele.
Tet Rozendal op it poadium nachtvlinder
Tet Rozendal op it poadium yn Nachtvlinder © Tet Rozendal
Doe't se it idee krige foar de foarstelling - sa'n oardel of twa jier ferlyn - koe se net aktearje. Safolle yndrukken koe se net oan. It stik giet diels ek oer wat se sels meimakke hie mei har harsenletsel.. Dêroer skriuwe slagge har wol, mar spylje net.
Tet Rozendal
Tet Rozendal © Otto van den Toorn
De earste tiid nei har fal moast se it hiel rêstich oan dwaan. Se koe net folle ferneare, moast de tiid nimme om te bekommen. Bygelyks in kertier in bakje kofje mei ien drinke en dan in wike rêst.
"Dan wie ik der siik fan. En as ik dan fan dat kertier tweintich minuten makke, wie it echt kermis yn myn liif. "
Mei de tiid is de situaasje stadichoan better wurden. Se wist dat se yn aksje komme moast om it better te krijen. "Ast op bêd lizzen bliuwst te wachtsjen oant it oer giet, dan giet it net oer." No is se der net mear siik fan, inkeld mar wurch.
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries hat foar Noardewyn 1 op 1 mei Tet Rozendal:
Tet begûn as dûnseres. Dat wie har earste berop. No dûnset se allinnich noch mar privee, as se bliid of fertrietlik is "As emoasjes yn my opkomme, dan is dûnsjen de manier foar my."
Op har 25ste hâlde se ynienen op mei dûnsjen. Se woe mear op de foargrûn stean en mear allround wurde.
Ik koe dy hiele Marlene Dietrich net.
Marius de Boer brocht Tet Rozendal op it idee Marlene Dietrich te spyljen
Hat moeting mei Marius de Boer, dy't tegearre mei har wat dwaan woe, resultearre úteinlik yn de one woman-show Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich. Dietrich wie de grande dame "en ik wie in famke", laket Tet.
Se wie noch te jong en bluisterich om te beseffen dat dat in grut kontrast wie. Marius wie mei it idee kaam omdat Tet him wol wat tinke liet oan Dietrich. "Mar ik koe dy hiele Marlene Dietrich net", seit Tet.
Tet Rozendal
Tet Rozendal © Otto van den Toorn
Foar Tet is der mear as muzyk, sang en dûns. Se wol ek in ferhaal fertelle, en dat kin se mei har toanielstik Allinnich Anna. Se sjocht harsels as in 'ferhaledieler'. "It moaie fan it libben is dat der safolle smaken binne. Dêrom bin ik sa bliid dat ik wer libje kin."
Ik kin it libben no folle mear komme litte sa't it komt.
Tet Rozendal
Se hat ek wol bûten de provinsje wenne, yn Londen, Zaandam en Haarlem. Mar net foar langere tiid:
"Ik kin bêst wol yn New York of Parys wenje. Mar nei in jier wol ik wer nei hûs ta. De taal en de minsken meitsje dat ik my thús fiel yn Fryslân. Op de iene of oare manier pas ik dêr."
Har lok sit net mear sit yn it beheljen fan ambisjeuze doelen. Wol yn senang wêze en dingen dwaan dy't op har paad komme. Meigean mei de stream fan it libben. Der sit gjin druk achter, en dat wurket befrijend foar Tet. "Ik kin it libben no folle mear komme litte sa't it komt."
Allinnich Anna
Allinnich Anna © Tet Rozendal
Mei har stik Allinnich Anna wol Tet it ferhaal fertelle wat harsenletsel mei minsken docht. Sy wit sels hoe't dat is. Sa koe se bygelyks net nei teäter:
"Allinnich al troch de foyer rinne om yn de seal te kommen, jout in ôfgryslik soad om te ferwurkjen. Foardat de foarstelling begjint, bist al kapot."
It moaie is dat minsken no 'in drokteleaze yngong' nimme kinne om by guon fan har foarstelling te kommen. Fierders wurdt it yn de foarstelling sels rêstich hâlden wat muzyk en ljocht oanbelanget.
Do bist de iennige dy't dit ferhaal fertelle kin.
Jos Thie tsjin Tet Rozendal
"Jos Thie seit tsjin my: 'Fantastysk datst do dit dochst. Want do bist de iennige dy't dit ferhaal fertelle kin.'" Wol mei help fan oaren, want se hat leard om help te freegjen. "Ik hoech it net allegeare allinnich te dwaan."

Hoop, ljocht en leafde

Ek al oerkomt dy wat slims, dat hoecht net allinnich mar slim te wêzen, seit Tet ta beslút, ferwizend nei Allinnich Anna. "Der sit ek altyd wat fan hoop, ljocht en leafde yn sa'n ferhaal. En moed hâlde."
"It bêste wat ik derút helle haw, is altyd weromkomme by it hert, by de leafde. En dingen mei-inoar dwaan. Dat gefoel kinne we wol brûke yn dizze tiden."

Muzyk útkeazen troch Tet Rozendal

Artyst Titel
Sia Chandelier
Gurbe Douwstra Op 'n paad
Piter Wilkens Libben libben libben
Anneke Douma Swalkersliet
Debussy Clair de Lune