Seehûnen mei pups oanspield op Skylge: "Twee opgevangen in Pieterburen"

seehûnen skylge wetter kust
Seehûnepup op Skylge © ProNews Producties
Op Skylge binne meardere seehûnen mei harren jongen oan wâl kommen. Dat komt nei alle gedachten troch it ûnrêstige waar fan de ôfrûne tiid, dat derfoar soargje kin dat de bisten in hiel ein ôfdriuwe en har sânplaten ferlitte moatte.
It komt dan ek faker foar dat seehûnen oanspiele op in stik strân, fertelt Myrthe Zwik fan it seehûnesintrum yn Piterbuorren. "Het is heel erg normaal. Het is de week dat dit wel vaker voorkomt. We hebben de afgelopen tijd wat storm en wind gehad. De zandplaten lopen dan onder water."
Zwik is assistint-strâningskoördinator by it seehûnesintrum. Sy stiet yn kontakt mei de seehûnewachters dy't teplak binne.
seehûnen skylge wetter kust
Seehûnen op Skylge © ProNews Producties
Snein waarden der in protsje seehûnen sinjalearre op it strân fan Skylge. "In de ochtend zagen we veel pups met hun moeder, maar ook een pup zonder moeder."
Seehûnewachters hâlde de bistjes yn de gaten en komme twa kear deis werom. De bistjes wurde markearre en dan wurdt sjoen oft der 24 oeren lang gjin mem by komt. Dêrnei wurdt sjoen oft de yngrepen wurde moat. "Twee zeehonden zijn hier naartoe gebracht, één met kaakproblemen. Daar is iets meer haast bij geboden."

Ofstân hâlde

It seehûnesintrum ropt minsken op om by de seehûnen wei te bliuwen. Der is dêrom ek in lint om in stik fan it strân hinne set. "Het kan zijn dat ze nu allemaal op Terschelling blijven, want de pups zwemmen eigenlijk niet met hun witte wintervacht. Over zo'n twintig dagen verliezen ze die."
Mooglik geane de jongen dan it wetter wol wer yn. De memmen bliuwe sawysa net, sy bliuwe nei de berte oer it algemien mar in pear wiken by de pup.