Spjirringfiskerij yn de Waadsee mei net mear: "Zat eraan te komen"

Fiskundersyk2
In spjirring © Omrop Fryslân
Der mei yn de Waadsee net mear fiske wurde op spjirring. Dat hat de rjochtbank bepaald nei oanlieding fan in beswier fan Vogelbescherming Nederland. De fergunningen fan de belutsen fjouwer fiskers binne ferneatige.
Neffens de bestjoersrjochter hat de minister fan Natuer en Stikstof dy't dy fergunnings jout net oantoand dat soks gjin kwea kin foar de Natura 2000-gebieten Iselmar en Waadsee. It giet net goed mei de spjirring en de fûgels dy't dêr foar iten ôfhinklik fan binne.
Eins wie dizze fiskerij troch in ferskaat oan tuskenútspraken al sa goed as stillein. "Het zat er ook gewoon aan te komen", seit fisker Marinus van Malsen út Makkum, dy't mei syn broer op de WON 1 jierren lang op spjirring fisket.
De lêste kearen dat it koe fertsjinnen sy yn in pear wiken tiid sa'n 25.000 euro. Opteld mei alle oare maatregels en beheinings betsjut dit de ein fan de kommersjele fiskerij foar de bruorren.

Fûgelbeskerming

Vogelbescherming Nederland is wiis mei de útspraak, dy't neffens harren ek net oars útfalle kinnen hie. "Wij vonden het best gek dat die vergunningen de laatste keer überhaupt nog verleend zijn." Dat seit Hanne Tersmette fan de organisaasje.
spjirring
Spjirring © Shutterstock.com (Venediktov Vladimir)
"Het gaat al lang slecht met de spiering op de Waddenzee en er werd juist op de plekken naar spiering gevist waar het van het IJsselmeer naar de Waddenzee kan komen." It hie der neffens har benammen mei te krijen dat tocht waard dat it fiskjen gjin ynfloed hie op de populaasje, bygelyks om't it bûten it seizoen dêr't de fisken yn ridzje om dien waard.
"De rechtbank heeft nu bepaald dat het niet zeker is dat het daadwerkelijk geen invloed heeft", seit Tersmette. "Daarom zijn de vergunningen nu ingetrokken, daar zijn we heel blij mee."

Oprop

Yn teory kin de minister fan Natuer en Stikstof noch in nij beslút nimme, mar dan moat sy wol oantoane kinne dat de fiskerij de spjirriing en de spjirringiters net yn it paad sit. Dat wurdt in dreech ferhaal.
Vogelbescherming Nederland fynt sawysa dat it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij te maklik natuerfergunnings ôfjout foar kommersjele aktiviteiten op it wetter en ropt it ministearje op dêr better mei om te gean.