Joost is út 'e skroeven en sit fol fertrouwen: "Songfestival naar Friesland halen!"

Joost Klein
Joost Klein © ANP
Joost Klein is "trots, blij en dankbaar" dat er takom jier Nederlân fertsjintwurdiget op it Eurovisie Songfestival yn it Sweedske Malmö. "Soms is het tijd voor een frisse wind. Die hoop ik te zijn", seit de sjonger.
"Dit is niet normaal", seit Joost eufoarysk. "Het is een heel gek gevoel. Ik ben trots, dankbaar, en erg blij."
Joost is berne yn Ljouwert en ferhuze dêrnei nei Britsum. Dêr seach er mei syn famylje en freonen nei it Eurovisie Songfestival. "Dat heeft me doen inzien hoe vet dit evenement is. Het is bovendien het hoogst haalbare in wat ik doe."

Frisse wyn

De kar foar Joost wie in ferrassing foar in soad minsken. Syn muzyk wurdt omskreaun as in mjuks fan poppunk, hardstyle en hiphop. Net bepaald it gelûd datst gewoanwei op it evenemint hearst. Joost sjocht dat as wat posityfs.
"Bij alles is het soms tijd voor een frisse wind. Hopelijk kan ik die nu zijn", seit er. "We gaan het Eurovisie Songfestival naar Friesland halen."
"Joost Klein, droom groot"
Joost draacht graach út dat er Frysk is. Dat docht ûnder mear bliken út syn nûmer 'Fryslân Bop' en it swaaien mei de Fryske flagge by optredens. "Of ik dat ook ga doen tijdens het songfestival? Ik denk dat ik dan de Friese vlag maar even inruil voor de Nederlandse."
Vroeger vroeg ik mij af waarom mijn familie naar Friesland is verhuisd. Maar nu ben ik daar erg blij om.
Joost
It docht lykwols neat ôf oan syn leafde foar de provinsje, seit er mei klam. "Haat en liefde zitten soms dicht bij elkaar. Ik begreep vroeger niet waarom mijn familie naar Friesland verhuisde. Maar nu ben ik er erg blij om. Ik zou nergens anders willen zijn opgegroeid. Daar gaat mijn vorige album trouwens ook over."
It nûmer dat er sjonge sil, is troch himsels skreaun. Wat de titel is, mei er noch net sizze. "Maar dat zal zich de komende tijd wel als boter gaan verspreiden."

Reaksjes op sosjale media

Dat de kommisje Joost keas út de 600 kânshawwers, soarget yn Fryslân foar sawol freugde as ûnbegryp. Hjirûnder in lytse greep út de reaksjes op Facebook:
"Haha serieus?", skriuwt Jens. Guon minsken freegje harren benammen ôf wa't de artyst eins is. "Wie is Joost?", seit Minke.
Joost Klein
Joost Klein © Omrop Fryslân
"Super leuk!!!" fynt ien fan de entûsjastelingen. "Weer eens wat anders, misschien wordt hij wel eerste", seit Gea. Annet fynt it in goede kar. Sy tinkt ek dat Joost noch wolris winne kin. Rutger heakket der noch oan ta: "Dan wol yn't Frysk aub".
Joost is benammen bekend ûnder it jongere publyk
Fierders is it net foar it earst dat der in Fries op it poadium stiet by it sjongfestival. Alie en Doetie de Vries fan Twellingea giene Joost yn 1990 foar, yn Zagreb. Dit diene sy ûnder de pseudonimen Alice May en Caren Wood. Duonamme: Maywood. Mei 'Ik wil alles met je delen' einigen de Friezinnen op in teloarstellend fyftjinde plak.
Wat perfoarst net meiholp, wie dat de karakteristike bachtrompet amper te hearren wie. Oarsaak: de mikrofoan stie net oan.
It Eurovisie Songfestival is takom jier fan 7 oant en mei 11 maaie.