Henk de Jong wol ôfrinnend kontrakt ferlingje: "As Cambuur wol, dan komme we derút"

Sportcast, Henk de Jong
Sportcast mei Henk de Jong © Omrop Fryslân
Henk de Jong hopet dat syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wurdt en dat er ek de kommende jierren trainer is by SC Cambuur. Dat fertelt de Drachtster yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Dizze moanne sil De Jong mei algemien direkteur Ard de Graaf om tafel om nei de takomst te sjen. Dat dit evaluaasjemomint der komt, is ôfpraat doe't De Jong yn oktober wer haadtrainer waard fan de Ljouwerters.
"Ik tink dat we nije wike efkes sitten geane oer hoe't it fysyk allegear giet", fertelt De Jong. "Ik fiel my hartstikke goed, dus ik kin it seizoen ôfmeitsje. Dan moatte we it hawwe oer folgjend seizoen."
Dat oerlis is nedich omdat syn kontrakt nei dit seizoen ôfrint. As it oan de 59-jierrige trainer leit, hoecht it net lang te duorjen. "Dat kin yn in oere klear wêze. As Cambuur wol, dan komme we derút."

Morele ferplichting nei Cambuur

Sûnt De Jong it stokje oernaam hat fan Sjors Ultee, dy't dien krige, ferlear Cambuur noch mar ien kompetysjewedstriid. Yntusken is de klup njoggen duels op rige sûnder ferlies. Sportyf sjoen falt der dus wol wat te sizzen foar it ferlingjen fan it kontrakt.
Foar de âld-trainer fan ûnder oare Harkemase Boys en VV Snits is der noch in oare wichtige reden om langer yn Ljouwert te bliuwen. "Cambuur hat myn kontrakt in jier lang trochbetelle, wylst ik siik wie. Dus ik fyn dat ik net fuortgean kin."
Neffens sportferslachjouwer Andor Faber is it dan sa dúdlik as wat dat De Jong en Cambuur langer oan inoar ferbûn wurde. "Cambuur kin him net oan de kant sette. Henk is in held yn Ljouwert. As Cambuur him derút set, dan jeie se de minsken tsjin harren yn it harnas."
In baan as technysk manager sjocht De Jong foarearst yn elts gefal noch net sitten. "Ik fyn it sa moai om trainer te wêzen."
As Hearrenfean op syk moat nei in oar omdat Van Wonderen fuortgiet, dan soe ik foar Sarina Wiegman gean.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries
Der binne mear dy't graach trainer wêze wolle. Sherida Spitse sei snein by Studio Voetbal dat se yn de takomst graach trainer wurde wol fan de manlju fan Ajax. De Jong ken Spitse goed: doe't er trainer wie by Snits hat er de rekôrynternasjonal fan de Oranjefroulju noch traind.
Mar kin dat wol, in frou dy't trainer wurdt fan in manljusteam yn it betelle fuotbal? Yn de eagen fan de Cambuurtrainer wol: "Ik tink dat it wol kin. As in frou no likegoed is as in man, dan makket it my neat út."
Foar sportferslachjouwer Roelof de Vries makket it ek net út. Sterker noch, seit De Vries: "As Hearrenfean op syk moat nei in oar omdat Kees van Wonderen fuortgiet, dan soe ik foar Sarina Wiegman gean."
Wiegman is op dit stuit bûnscoach fan de Ingelske fuotbalfroulju. Se waard yn 2017 Europeesk kampioen as trainer fan de Oranjefroulju.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.