Joost Klein mei foar Nederlân nei it Eurovisie Songfestival

Joost Klein
Joost Klein © ANP
Joost Klein mei Nederlân fertsjintwurdigje op it Eurovisie Songfestival yn Sweden. De AVROTROS hat dat moandei bekend makke.
De 26-jierrige Joost Klein waard berne yn Ljouwert en groeide op yn Britsum. Hy bruts ûnder oare mei it nûmer 'Fryslân Bop' troch. De artyst is populêr en stie ôfrûne simmer noch op it grutste poadium fan Lowlands.

Kampanje foar Joost

Joost krige online in soad stipe as Songfestivalkandidaat. Radiostjoerder 3FM begûn sels in petysje om him meidwaan te litten. Deputearre Sijbe Knol stipe ek de aksje om Klein op it Songfestival te krijen. Hy naam sels in fideoboadskip op, ûnder it biedwurd 'Fryslân4Joost.'
Klein wie earder min te sprekken oer de útslach fan it Eurovisie Songfestival. Dat waard doe wûn troch de Sweedske sjongster Loreen mei it nûmer 'Tattoo.' Mar de Fin Käärijä wûn de publyksstimming mei it nûmer 'Cha cha cha'. Hy wie dêrmei yn de eagen fan Joost de echte winner.
Klein stelde oanslutend foar om him mar nei Sweden ta te stjoeren. Yn totaal hie de seleksjekommisje dit jier mear as 600 nûmers om út te kiezen. De lêste fiif kânshawwers moasten harren ynstjoering live sjonge foar de kommisje.

Hitpotinsje

Neffens foarsitter Twan van Nieuwenhuijzen hat de ynstjoering fan Joost "de grootste hitpotentie." Hy jout oan: "Je hoort in de song zijn bekende combinatie van feest en nostalgie. Daarbij denken wij dat Joost met zijn creativiteit een geweldige act gaat neerzetten en Nederland en Europa positief verrast."

In dream dy't útkomt

Joost neamt syn dielnimming oan it Songfestival in dream dy't útkomt. "Vroeger keek ik samen met mijn ouders, aan de buis gekluisterd, elk jaar opnieuw. Ik zal er alles aan doen het beste resultaat te behalen."
It ferske wêrmei't Joost optrede sil, wurdt letter noch presintearre. It Songfestival is fan 7 oant en mei 11 maaie yn Malmö.