Liveblog | 11 desimber 2023

112-nijs 11 desimber: Stellen sealen fan hynstestâl Tsjalhuzum werom út Poalen

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 11 desimber 2023, 20:46
20:46

Sealen fan hynstestâl Tsjalhuzum binne werom út Poalen

stal tsjalhuzum
De romte yn Tsjalhuzum nei de ynbraak ôfrûne jier © Eigen foto
Tachtich sealen dy't it ôfrûne jier stellen binne by ûnder mear in hynstestâl yn Tsjalhuzum binne wer werom, dat meldt de plysje. De sealen waarden oantroffen yn Poalen.
De ynbrekkers hawwe yn hiel Nederlân sealen stellen. Yn gearwurking mei de Poalske plysje waarden sy weromfûn yn in Poalske wenning. De bewenner fan 32-jier waard oanhâlden.
Ek oar ark sa as haadstellen, rimen, singels en stiichbûgels waarden ynnaam. It guod is dus no werom yn Nederlân en sil wer nei de eigeners brocht wurde.
De hynstestâl yn Tsjalhuzum wie fyftich sealen kwyt en hie sa'n 150.000 euro skea.
20:21

Ljouwerter oppakt foar swiere mishanneling

De plysje fan Ljouwert hat in minderjierrige fertochte fan Ljouwert oppakt dy't belutsen wêze soe by in swiere mishanneling. Dy hie 19 novimber plak oan de Oldegalieën. De plysje ûndersiket de saak.
Der soene bylden fan it ynsidint rûngean op sosjale media en dêr wurde opstokende opmerkingen by skreaun. De plysje fersiket eltsenien dêrmei op te hâlden. It soe skealik wêze foar de belutsenen.
19:41

Wenningbrân Hallum gau út

De brânwacht hat in wenningbrân yn Hallum gau út krigen. Ut foarsoarch waard opskaald nei 'middelbrân' en twa brânwachtweinen kamen teplak. Mei in saneamde binnenoanfal koe de brânwacht de brân gau fine. Al gau wie de brân út. Der wie gjinien mear yn it gebou doe't de brân útbruts.
10:30

Kraan omfallen njonken Grinzerstrjitwei

Njonken de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert is moandeitemoarn in kraan omfallen. De bestjoerder rekke mei de kraan yn de berm, dêr't de masine yn fuortsakke en omfoel.
It is noch net dúdlik wat de skea is. Der wurdt sjoen hoe't de kraan wer oerein set wurde kin.
kraan shovel yn de sleat omfallen Ljouwert
Kraan omfallen yn Ljouwert © Kappers Media
06:09

Brêge Spannenburch de hiele wike ticht foar autoferkear

It ôfsluten fan de brêge Spannenburch waard de ôfrûne dagen al mei buorden oanjûn
It ôfsluten fan de brêge Spannenburch waard de ôfrûne dagen al mei buorden oanjûn © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De brêge by Spannenburch is dizze wike ticht: fan moandei 07.00 oere oant freed 16.00 oere kin der gjin motorisearre ferkear oer dit stikje van de N354 hinne.
It ferkear moat omride oer de A7, A6 en N354. It lânbouferkear wurdt omlaat fia de Prinses Margrietbrêge op De Lemmer. De omliedingen wurde mei giele buorden oanjûn. Fytsers en kuierders kinne noch wol oer it fytspaad.

Asfalt wurdt hurd minder

Rykswettersteat lit in nije laach asfalt oanlizze oan beide kanten fan de brêge. Dat bart op de úteinen fan de brêge dy't net bewege, de saneamde 'oanbrêgen.' Yn it twadde fearnsjier fan 2024 moat der noch in definitive slytlaach op it asfalt oanbrocht wurde, mar in krekte datum is dêr noch net foar bekend.
Ut ynspeksje hat bliken dien dat it asfalt fluch minder wurdt. Dat komt omdat der mear ferkear oerhinne rydt sûnt der oan de Prinses Margriettunnel tusken Snits en De Jouwer wurke wurdt.

Al jierren yn minne steat

De brêge by Spannenburch is al jierren yn in minne steat, dêrom is der yn 2018 al in ferbod foar swier frachtferkear ynsteld. De brêge is yn 1949 boud.