De Jong, Bruinsma en Bangma meitsje kâns op titel 'sporter fan it jier'

Joël de Jong
Joël de Jong © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Atleet Joël de Jong fan Harns is nominearre foar de titel 'parasportman fan it jier 2023'. By de kategory 'parasportfrou fan it jier' is Liesette Bruinsma fan Wommels nominearre. Hurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek makket kâns yn de kategory 'parasportploech fan it jier'.
De Jong waard ôfrûne simmer yn Parys wrâldkampioen op de 100 meter hurdrinnen. By it fierspringen pakte hy brûns op datselde toernoai.
Swimster Liesette Bruinsma sette it ôfrûne jier in wrâldrekôr del op de 200 meter wikselslach. Boppedat pakte se op it wrâldkampioenskip yn Manchester de titel op de 100 meter frije slach en it sulver op de 50 meter frije slach.
Liesette Bruinsma
Liesette Bruinsma © ANP
Parahurdfytser Tristan Bangma pakte tegearre mei syn gids Patrick Bos de wrâldtitel by de wedstriid op de dyk, de tiidrit op de dyk en de efterfolging op de baan.
Sportkoepel NOC*NSF hat de nominaasjes snein bekendmakke. In faksjuery hat de nominearren keazen út in shortlist.

Friezen ôffallen

Ek yn oare kategoryen stienen der Friezen op de shortlist, mar sy hawwe gjin nominaasje krigen. It giet dan bygelyks om reedrydsters Marijke Groenewoud, Antoinette Rijpma-de Jong en Femke Kok yn de kategory 'sportfrou fan it jier' en Ran en Femke Faber mei de Nederlânske kuorbalploech yn de kategory 'sportploech fan it jier'.
Op 20 desimber wurde de prizen útrikt, by it jierlikse Sportgala fan de NOC*NSF yn Utrecht.