Fryske SP-leden ferrast troch opstappen Lilian Marijnissen: "Der moat in strjitfjochter komme"

Hanneke Goede (SP), mei rjochts fan har fraksjegenoat Peter van Noort
Hanneke Goede (SP), mei rjochts fan har fraksjegenoat Peter van Noort © Hoge Noorden / Jacob van Essen
It fuortgean fan Lillian Marijnissen as fraksjefoarsitter fan de Socialistische Partij (SP) komt as in grutte ferrassing foar de Fryske leden fan de partij. Der lizze grutte opjeften foar de SP de kommende jierren, sizze de politisy.
"Wij zagen dit echt niet aankomen", seit Hanneke Goede, dy't foar de SP yn de Provinsjale Steaten sit. "Het was echt een schat van een vrouw, maar het verhaal sloeg gewoon niet aan."

Yn swier waar

De SP sit de lêste jierren yn swier waar. By de Twadde Keamerferkiezings yn novimber kaam dat dúdlik oan it ljocht. De partij gie hast troch de helte: fan njoggen sitten nei fiif. Foar Marijnissen wie it in drege perioade, want sy ferlear sân ferkiezings yn de perioade fan 2017 (doe't se oansteld waard) oant no.
Earst sei Marijnissen dat sy sitten bliuwe woe, mar no lûkt sy dochs har konklúzjes en stapt se op. "Wy ha it neidiel dat elkenien útnaait mei ús stânpunten", seit riedslid Jan van der Veen fan de gemeente Hearrenfean. "Wy begjinne dan sels oer in fenomeen as 'bestaanszekerheid', mar dan geane de oare partijen dermei oan de haal. Dat is sa skande."
Lilian Marijnissen yn It Polytburo
Lilian Marijnissen yn It Polytburo © Omrop Fryslan
Ek yn Fryslân is de SP út ferskate gemeenten ferdwûn. Sa binne der yn gemeenten as Ljouwert, De Fryske Marren en Harns gjin sitten mear reservearre foar de SP'ers.
"Der moat no in strjitfjochter komme", seit Van der Veen. "Dêrmei bedoel ik: ien dy't flink fan him of har ôfbite wol. De bealch derop sette. Dy polityk yn de Keamers is mar bysaak, it giet om it libben op strjitte. Dat die Marijnissen ek al, mar it moat miskien noch folle hurder."

Mear as de ûnderklasse

"It ferfelende is dat Marijnissen sels echt goed wie", seit Hessel Kuiken fan SP-jongeren. "Mar it giet mei de sitten hiel min. Dus wy tinke dat der mear barre moat as allinnich in oare listlûker."
"Wy ha as SP in reputaasje dat wy opkomme foar de ûnderste klassen, mar wy komme op foar alle hurde wurkers", stelt Kuiken "Ek de middenklasse, mar dy kinne wy dreech berikke. It boadskip moat better oerbrocht wurde."
Der moat mear barre as allinnich in oare listlûker
Hessel Kuiken, SP-jongeren
Kritykpunt by ferskate tsjinstanners wie ek dat Marijnissen foar altyd 'de dochter fan' bleau. Har heit Jan Marijnissen wie fan 1994 oant 2010 Twadde Keamerlid en groeide út as ta ikoan fan de partij.
Letter wie hy as fraksjefoarsitter ien fan de ferneamste politisy yn Nederlân. "Mar ik tink net dat Lilian dêr it slachtoffer fan wurden is", seit Kuiken. "Ik bin fan in generaasje dy't hikke en tein is mei Roemer en hâldt likegoed noch fan dizze partij. Dus dêr sil it net oan lizze."

Toskje derby

Hanneke Goede tinkt ek dat der in toskje by moat. "We moeten zorgen dat ons verhaal weer aanslaat. Dat onderbuikgevoel bij stemmers weghalen en laten zien dat we een goede partij zijn met goede standpunten."
Oer de namme fan in opfolger binne de politisy allegear noch foarsichtich. "Maar daar hoeven ze mij niet voor te bellen", seit Goede. "Ik zit voorlopig nog prima in Fryslân."