Liveblog | 10 desimber 2023

112-nijs 10 desimber: Bestelbus giet om by Waskemar | Frachtwein op 'e sydkant neist de A7

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 10 desimber 2023, 20:02
20:02

Problemen op it spoar noch net foarby

It is in hiel gedoch op it spoar tusken Akkrum en Ljouwert. Der ride noch hieltyd gjin treinen en dat sil ek noch wol oant 23.15 oere sa bliuwe.
Der wurde snelbussen ynset tusken It Hearrenfean en Ljouwert en der ride stopbussen tusken Akkrum, Grou-Jirnsum en Ljouwert.
17:01

Bestelbus giet om by Waskemar

Bestelbus leit om
Bestelbus leit om © BTB Fotografie
In bestelbuske is sneintemiddei op syn sydkant bedarre by Waskemar. De bestjoerder botste mei syn auto tsjin de râne fan de dyk en foel dêrnei op syn kant.
De bestjoerder koe sels út it buske komme. Ambulânsepersoniel hat de man neisjoen.
15:19

Gjin sprinters tusken Akkrum en Ljouwert

Troch in seinsteuring ride der op dit stuit gjin treinen tusken Akkrum en Ljouwert.
Der binne de hiele middei al problemen op dit trajekt. Dat begûn mei koperstellerij.
De ferwachting is dat de problemen oant 18.30 oere oanhâlde sille.
13:54

Slachtoffer oanriding mei trein ferstoarn

It slachtoffer dat slim ferwûne rekke troch in oanriding mei de trein, dy't tusken Bûtenpost en Grins ried, is ferstoarn. De plysje giet derfan út dat it om in ûngelok giet.
De fuotgonger waard oanriden op de spoarwei-oergong oan De Gast yn Súdhoarne en ferstoar op it plak fan it ûngelok. De plysje docht fierder ûndersyk nei de tadracht.
It hat ta gefolch dat de treinen tusken Bûtenpost en Grins langer net ride, de ferwachting is oant ûngefear 15.30 oere. Arriva set stopbussen yn.
12:34

Gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins

Tusken Bûtenpost en Grins ride oant ûngefear 14.15 oere gjin treinen. Op it trajekt hat in oanriding west.
Neffens plysje Grinslân is der op de spoarwei-oergong oan De Gast yn Súdhoarne in persoan oanriden en slim ferwûne rekke. De plysje docht ûndersyk.
Ferfierder Arriva hat de tsjinstregeling fan de treinen oanpast en stopbussen ynset tusken Bûtenpost, Súdhoarne en Grins.
12:20

Frachtwein op 'e sydkant neist de A7

ûngelok A7
De frachtwein bedarre op 'e sydkant yn de sleat © CAMJO media
Op de A7 tusken It Hearrenfean en De Jouwer is in frachtwein yn de sleat bedarre. It liket neffens de plysje om in iensidich ûngefal te gean. It is net dúdlik oft der sprake is fan eventueel lichaamlik letsel by de sjauffeur.
Twa sikeauto's binne op it plak fan it ûngelok kaam. Der wie ek in traumahelikopter oproppen, mar dy is healweis weromstjoerd. De brânwacht is oanwêzich om te helpen by it befrijen fan de sjauffeur. En om, as it moat, needmaatregels te nimmen om foar te kommen dat der bygelyks brânstof yn it grûnwetter komt.
Troch it ûngelok is der by Aldehaske file ûntstien yn de rjochting fan It Hearrenfean nei De Jouwer ta.