Cambuur Sjoernaal: Oansluting mei de top bliuwt op bysûndere jûn foar Henk de Jong

Cambuur
Cambuur © Omrop Fryslân
Njoggen wedstriden: salang duorret de rige fan SC Cambuur wêryn't it net ferlern hat. Op De Vijverberg yn Doetinchem waard freedtejûn mei 3-2 wûn fan De Graafschap.
Troch de oerwinning behâldt Cambuur de oansluting mei de boppeste ploegen. En dus hat de ploech fan trainer Henk de Jong de promoasjeplakken noch altyd yn it fizier. Michael Breij wie ien fan de doelpuntemakkers. It wie syn achtste kompetysjegoal. Nea earder skoarde er safolle treffers yn ien seizoen.
Alles oer De Graafschap - SC Cambuur yn it Cambuur Sjoernaal: