FIDEO: Krystmanlju en -froulju ride op motors om jild yn te sammeljen foar bern mei kanker

Krystman op de motor
In bysûnder sfearfolle, readwite optocht hjoed. Tsientallen krystfroulju en -manlju ride út Drachten wei nei it TT-Sirkwy yn Assen.
Op it sirkwy meie de dielnimmers twa rûntsjes ride. It doel is omtinken te freegjen foar it goeie doel. It giet om in aksje fan Santa Máxima Friesland. Dat is in platfoarm dat him ynset foar it Prinses Máxima Centrum, dat spesjalisearre is yn it behanneljen fan bern mei kanker.