Liveblog | 9 desimber 2023

112-nijs 9 desimber: Auto op de kop yn in sleat yn Menaam | Famkes bekûgele mei aaien yn De Knipe

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 9 desimber 2023, 21:51
21:51

Auto op de kop yn in sleat yn Menaam

Auto op de kop yn de sleat
Auto op de kop yn de sleat © CAMJO Media
In auto is sneontejûn op de kop yn in sleat bedarre oan de Bitgumerdyk yn Menaam. De bestjoerder koe sels út de auto komme. Hy ferlear yn in bocht de macht oer it stjoer en kaam sa yn de berm telâne. Nei in stjoerkorreksje fleach de auto oer de kop yn de sleat.
21:23

Famkes bekûgele mei aaien

Smite mei in aai
Smite mei in aai © Shutterstock
Twa famkes binne ôfrûne nacht yn De Knipe bekûgele mei aaien. De bril fan ien fan de famkes gie dêrtroch stikken en sy soe ek lichaamlik letsel oprûn hawwe.
It ynsidint barde om 21.30 oere yn de omkriten fan it kafee yn De Knipe. Minsken dy't wat sjoen of heard hawwe fan it ynsidint, kinne harren melde by de pleatslike wykagint.
21:18

Moarnier koade giel

It KNMI hat foar moarnier koade giel ôfkundige yn ferbân mei kâns op swiere wynstjitten. Dit komt troch stoarm Elin. It ferkear en bûtenaktiviteiten kinne hjirfan hinder ûnderfine.
Koade giel jildt yn ús provinsje foarearst fan sneintemoarn 4.00 oant 9.00 oere.
15:54

Fermiste man út Blauhús ferstoarn weromfûn

De man dy't sûnt de nacht fan tongersdei op freed fermist wie út in tehûs yn Blauhús wei, is ferstoarn weromfûn oan de Mardyk yn Greonterp.
De plysje seit gjin oanwizings te hawwen foar in misdriuw.
Minsken wurde frege om bylden fan de fermiste man fuort te heljen.
13:45

Twa deade swannen fûn by Westergeast

Twa deade swannen fûn by Westergeast
Twa deade swannen fûn by Westergeast © RTV NOF, Erik Visser
Foarbygongers ha twa deade knobbelswannen fûn yn in stik lân by de Weardebuorsterwei flakby Westergeast. Ien fan de swannen lei yn plasse bloed, meldt RTV NOF. Mooglik is de fûgel slachtoffer wurden fan in sjitynsidint.
De plysje waard ynskeakele en dy hat de swannen meinommen foar ûndersyk. Tsjûgen kinne har melde by de plysje.
12:11

Plysje It Amelân docht nije oprop tsjûgen Sunneklaasynsidint

De fjoertoer fan It Amelân
De fjoertoer fan It Amelân © Shutterstock.com (Atosan)
De plysje fan it Amelân hat in nije oprop dien op X, foarhinne Twitter, oan tsjûgen fan it ynsidint op 5 desimber mei in filmploech fan omrop PowNed. Dy wie op it eilân om ferslach te dwaan fan it Sunneklaasfeest, dêr't bûtensteanders net wolkom by binne.
Sunneklaasfierders achterfolgen de ploech oer it eilân en der ûntstie rebûlje. De ferslachjouwers sizze dat se oanriden binne, mar der is ek oanjefte dien troch de Amelanners. De plysje hat noch gjin oanhâldingen dien en freget minsken dy't wat sjoen hawwe of dy't kamerabylden hawwe, harren te melden.