Cambuurtrainer De Jong tefreden oer winst: "Mar yn 'e rêst bin ik allemachtich tekeargien"

Henk de Jong fan SC Cambuur
Henk de Jong fan SC Cambuur © Orange Pictures
Mei de oerwinning tsjin De Graafschap hat Cambuur no sicht op de top fan de earste divyzje. Yn Doetinchem wiene de beide ploegen oan mekoar weage, mar úteinlik wienen de Ljouwerters mei 3-2 de sterksten.
Trainer Henk de Jong is dêr fansels bliid mei, al hie De Graafschap it neffens him ek noch wol winne kinnen. Hy is ferromme dat it safier net kaam.
De Jong is wat teloarsteld oer de earste helte: "Ferdigenjend wiene we slop." Mar al mei al is er supertefreden, seit er. "In útwedstriid op in swier fjild en in tsjinstanner dy't dy boppe op de bealch sit, we ha it hiel knap dien. Allinnich de útslach is wat beskieden."
Henk de Jong is ferromme oer de winst fan Cambuur tsjin De Graafschap
Neffens de trainer hie Cambuur yn de twadde helte noch wol fiif doelpunten meitsje kinnen. "Yn 'e rêst bin ik allemachtich tekeargien, dat we ien-op-ien spylje geane en ophâlde moatte mei frij te spyljen. Oppakke en duels oangean, want mei ien-op-ien spyljen mist him. Net bang wêze en ek fuotbalje, dêr't it kin. No, dat ha we goed dien."
De Jong wie poerlilk, seit er. "Ik fyn dat we ússels safolle tekoart dogge en dêr baal ik fan. Wy kinne folle mear as dat we no sjen litte."

Tol skuldbewust

Ferdigener Marco Tol makke oan it begjin fan de twadde helte de 1-2 foar Cambuur. "Die kon ik wel even gebruiken, want ik was ook een beetje verantwoordelijk voor de 1-1", seit er skuldbewust. "Dus dat was wel even lekker."
It sit him dwers dat hy it doelpunt fan Basar Önal foar De Graafschap net foarkomme koe. "De hele week prent ik mezelf in 'die jongen gaat veel naar binnen en kan goed schieten'. En hij komt aan de buitenkant met een kleine schijnbeweging en dan laat ik hem toch binnendoor. Ik vind wel dat het mijn schuld is, ja."
Marco Tol is bliid mei syn goal foar Cambuur
Nei in mindere earste helte, herpakte Cambuur him yn it twadde part fan de wedstriid. Dochs waard it doe ek noch geregeld spannend, wylst dat net nedich wie. "Ik moest bijna denken aan Heerenveen-Cambuur", seit Tol. "Dat het nog 3-3 werd, dat gaat ons toch niet nog een keer overkomen?" Der falt noch genôch te analysearjen, fynt er.

Njoggen kear op rige ûnferslein

Feit is dat Cambuur no njoggen kear op rige net ferlern hat. De ploech hat 31 punten út 18 wedstriden en stiet dêrmei foarearst op it fyfde plak yn de earste divyzje.
Foar Henk de Jong noch gjin reden om te tinken dat Cambuur miskien kampioen wurde kin, al sjocht er stikem wolris even nei de stân. "We stean der wol moai by, ja", jout er ta.
Mar hiel bot is er der net mei dwaande. "Ik sjoch gewoan nei elke wedstriid wer in wedstriid. We pakke moai de puntsjes. Ik hoopje dat we oare wike wer it stadion útferkocht ha en dan knalle we wer."