Cambuur pakt wichtige oerwinning tsjin De Graafschap yn Doetinchem

De spilers fan Cambuur fiere in doelpunt
De spilers fan Cambuur fiere in doelpunt © Orange Pictures
SC Cambuur hat freedtejûn in wichtige oerwinning út it fjoer sleept tsjin direkte konkurrint De Graafschap. Yn Doetinchem wie de ploech fan trainer Henk de Jong mei 3-2 te sterk foar de gasthearen.
De Ljouwerters begûnen goed yn de Vijverberg, mar seagen De Graafschap dochs hast de iepeningstreffer meitsje. Twa kear waard lykwols de peal rekke en sa ûntsnapte Cambuur oan in betide efterstân.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch, Tol, Smand, Bergsma, Sylla, Van Kaam (C), Breij, De Jong, Balk, Uldrikis, Smit.
Yn de alfde minút foel de goal oan de oare kant. Michael Breij krige de bal mei fan Roberts Uldrikes, wêrnei't Breij kreas binnen tikke: 0-1 foar Cambuur. Lang koe it team net fan de foarsprong genietsje. Al fiif minuten letter stie it 1-1. Basar Önal luts rjochting it doel fan Yanick van Osch en skeat de bal yn 'e hoek.
Oant it skoft waard der net mear skoard yn Doetinchem. Foar Cambuur krigen Milan Smit en Uldrikis noch kânsen; foar De Graafschap wie der út in frije traap noch in mooglikheid foar Simon Colyn.
SC Cambuur, De Graafschap
Michael Breij fiert de 0-1 fan Cambuur © Orange Pictures
Nei rêst bleaune Leon Bergsma en Fedde de Jong fan Cambuur efter yn de klaaikeamers. Sy waarden wiksele foar Jhondly van der Meer en Jeremy van Mullem. Nei in pear minuten fuotbal wie dêr it twadde doelpunt fan Cambuur. Ut in hoekskop skeat Marco Tol de bal binnen: 1-2 foar de Ljouwerters.
Doe't Cambuur fiif minuten letter in penalty krige nei in oertrêding op Remco Balk, like de wedstriid spile. De strafskop waard lykwols ynlutsen, om't der bûtenspul fêststeld wie.

Ofmeitsje

Dêrnei moast de ploech fan Henk de Jong dien wurk meitsje. Meardere grutte kânsen waarden mar net fersulvere, oant de 79e minút. Ut in hoekskop koppe Uldrikis de bal tsjin de touwen: 1-3. Flak foar de ein wie der sels noch in kâns foar Uldrikis, mar dy bal waard pakt troch keeper Mees Bakker fan De Graafschap.
Yn blessueretiid waard it dochs noch spannend. Donny Warmerdam soarge foar de oanslutingstreffer foar de thúsploech. Der wie lykwols te min tiid om noch fierder gefaarlik te wurden en sa pakte Cambuur de trije wichtige punten.
Troch de winst fan freedtejûn hat Cambuur no 31 punten út 18 wedstriden. Dêrmei stiet de ploech op in firtueel fyfde plak yn de earste divyzje.