Lanekeatsen en skippers brune float binne tenei ymmaterieel erfgoed

lanenkaatsen
It jubileumboek © Omrop Fryslân
Fryslân hat der twa kear in ymmaterieel erfgoed by. It Lanekeatsen yn Harns en it berop fan skipper op de brune float binne nammentlik opnaam yn it ynventaris Nederlânsk Erfgoed. Dit betsjut dat se beskerme wurde moatte troch Nederlân.
Yn totaal steane der no hast 220 ambachten, eveneminten en tradisjonele gebrûken yn de ynventaris.
It Lanekeatsen is typysk Harnzer evenemint dat alle jierren yn juny hâlden wurdt. Yn de strjitte De Lanen wurde wedstriden organisearre dêr't elkenien oan meidwaan kin. Prof of net, it Lanekeatsen is bedoeld foar eltse leafhawwer.
Brunefloatskippers en lanenkeatsen erfgoed
It Lanekeatskomitee is bliid mei de status, fertelt foarsitter Hilko Mulder: "Het is cultuur, het is traditie. Daar zijn we heel trots op, als comité en als Harlingen. Het is een lang traject geweest."

Jubileumboek

De ymmaterieel erfgoed-status komt op in moai momint, want de keatspartij fiert takom jier in jubileum. Al 75 jier wurdt der dan keatst yn de strjitten fan Harns. Der is in soad skiednis om oer te fertellen en dy is no allegear bondele yn in boek.
Ien fan de makkers fan it boek is Niels Outhuijse. Hy is moannen dwaande west om alles oer it Lanekeatsen fêst te lizzen. Neist dat er in protte foto's yn syn wurk Lanenkaatsen - 75 jaar stean, binne der ek filmkes yn te finen. Dizze kinne lêzers besjen via QR-koades.
harns lanekeatsen
Lanekeatsen yn Harns © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dêr't de keatssport wat ûnder druk stiet en ferlegen sit om nije, jonge leden, hopet Mulder dat de ferkrigen status in posityf effekt hat op de populariteit fan de sport. "We moeten elk jaar kijken naar waar we onszelf kunnen verbeteren en waar we om moeten denken om deze traditie in stand te houden."