Nije tentoanstelling beljochtet de ferskate kanten fan Mata Hari: dûnseres, spion én mem

Utstalling oer Mata Hari
Utstalling oer Mata Hari © Erik en Petra Hesmerg
It Fries Museum hat in nije tentoanstelling oer Mata Hari. De wrâldferneamde dûnseres en spion fan Ljouwerter komôf hie yn 2017 ek al in útstalling yn it museum, mar doe gie it foaral oer har rol yn de oarloch.
In hierlokje fan it soantsje fan Mata Hari is ien fan de dingen dy't te sjen binne. It jonkje ferstoar doe't hy 2,5 jier âld wie. "Hy is wierskynlik by in medyske behanneling fergiftige troch kwik en hjirby om it libben kaam", fertelt konservator Marre Sloots.
"Dat wie in hiel tragysk momint yn it libben fan Mata Hari en har man. Se hawwe út it kistje wei in plokje hier ôfknipt." No lizze de hierkes yn it Fries Museum mei in kaartsje dêr't 'sterfdag 1899' op stiet.
Wa wie de persoan achter Mata Hari?
De nije tentoanstelling is hiel oars as dy fan 2017. "We hawwe it doe hiel grut oanpakt, want it wie presys 100 jier nei har dea", leit Sloots út. "Dy tentoanstelling wie mar in pear moannen, dizze sil in pear jier te sjen wêze. We wolle minsken langer de kâns jaan om de topstikken fan de Mata Hari-kolleksje te sjen."
Ek oars is de ynstek. De tentoanstelling hjit 'De libbens fan Mata Hari' en leit de fokus op de persoan achter Mata Hari. "Se wie net allinnich in artyst, mar ek mem en troude frou. It jout sa in moai byld fan hoe't har libben ferrûn is."
Mata Hari
Mata Hari © Kolleksje Tresoar
Uteinlik groeit Margaretha Geertruida Zelle, de echte namme fan Mata Hari, út ta suksesfol eksoatysk dûnseres dy't de teäters fan Europa bydel giet. Se hâldt der yn de Earste Wrâldoarloch ferskate affêres mei offisieren op nei. Frankryk tinkt dat se in spion is foar Dútslân en yn 1917 stjert Mata Hari foar in Frânsk fjoerpeleton.
Yn de útstalling stiet in kaptafel mei hjirop in make-updoaske en in spegel. "Dit hat se lizze litten yn in teäter yn Rotterdam. Hjir neamde se har foar it earst Mata Hari", fertelt Sloots.
De tentoanstelling is trije jier te sjen en is yn dizze perioade ûnderdiel fan de fêste eksposysjes fan it Fries Museum yn Ljouwert.