Oprop sjoernalistefakbûn: "Hâld gearkomste oer parsefrijheid op It Amelân"

Alde bylden fan Sunneklaas
Alde bylden fan Sunneklaas © Omrop Fryslân
De gemeente Amelân soe in gearkomste organisearje moatte oer parsefrijheid en it belang fan frije media. Dat foarstel docht it sjoernalistefakbûn NVJ, nei oanlieding fan it ynsidint mei de kameraploech fan omrop PowNed earder dizze wike.
In kameraploech fan PowNed kaam nei it Sunneklaasfeest op It Amelân. Dat resultearre yn geweld, achterfolgingen en oanjeften. De opskuor dy't ûntstie, ropt al dagen in soad reaksjes op. Ek oer it plysje-optreden en it feest sels.
"Wij zijn er erg van geschrokken", seit algemien sekretaris Thomas Bruning fan de NVJ. "Tradities zijn mooi binnen kleine gemeenschappen, dat moet ook kunnen. Maar dat betekent niet dat je jezelf buiten de wet kunt plaatsen."

Parsefrijheid

It is yn prinsipe altyd tastien om te filmjen en fotografearjen op strjitte en yn iepenbiere romten. "Zoals ik het weet is Ameland een gemeente zoals elke in Nederland. Overal waar journalisten niet in een tent of huis zijn, mogen ze cameraopnames maken."
Alde bylden fan Sunneklaas op It Amelân
Alde bylden fan Sunneklaas op It Amelân © Omrop Fryslân
Foar oanfang fan it Sunneklaasfeest wie al dúdlik dat in soad eilanners net sieten te wachtsjen op de kameraploech. Mar dat mei neffens Bruning nea in reden wêze om sjoernalisten de tagong te ûntsizzen.

"Onverantwoorde situatie"

"Natuurlijk wil je een feest niet verstoren, maar je wilt ook dat er verslag van kan worden gedaan. Het kan niet zo zijn dat je journalisten gedurende twee dagen niet meer op het eiland toelaat. Ook nog eens met een hele agressieve en gevaarlijk maatregelen van bewoners. Hier was echt sprake van een onverantwoorde situatie."
De ôfrûne jierren is de parse hieltyd mear in doelwit wurden, neffens Bruning. "Ze worden steeds agressiever bejegend. Het werken wordt steeds moeilijker. Dat is ook waarom wij hier ook extra op aanslaan."

"Bal bij de burgemeester"

It soe neffens it sjoernalistefakbûn goed wêze om in kear op it eilân mei elkoar yn diskusje te gean. "Vooral omdat het hier zo mis is gegaan. Ik denk dat de bal bij de burgemeester ligt. We komen graag naar het eiland om met het publiek in discussie te gaan."
De gemeente Amelân jout gjin kommintaar salang't it plysjeûndersyk noch rint. Der binne yntusken meardere oanjeften dien nei oanlieding fan it ynsidint tusken in tal bewenners fan It Amelân en de kameraploech fan PowNed. De resjerzje docht it ûndersyk, om't it neffens de plysje in "heftig incident" west hat, dat "zorgvuldig en op de juiste manier" ûndersocht wurde moat.