Liveblog | 10 desimber 2023

Sportnijs: LDODK behâldt de kopposysje yn de Korfbal League | Groenewoud helpt Schouten oan winst

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan it lêste nijs oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 10 desimber 2023, 17:38
snein 10 desimber 2023
17:38

Groenewoud helpt Schouten oan oerwinning massastart

Irene Schouten hat de massasart wûn by de wrâldbeker yn Poalen. Dêr kin se har lângenoate Marijke Groenewoud tank foar sizze.
Groenewoud brocht Schouten yn de lêste ronde nei de kopposysje en dy stie se net wer ôf.
Uteinlik kaam de Hallumse sels as fjirde oer de streek
17:25

LDODK te sterk foar Fortuna

LDODK te sterk foar Fortuna
LDODK te sterk foar Fortuna © Marco Spelten (Actiefotografie)
LDODK behâldt de kopposysje yn de Korfbal League. De ploech fan De Gordyk wie snein mei 14-12 te sterk foar Fortuna út Delft.
Nettsjinsteande it feit dat Fortuna noch puntleas is yn de kompetysje, wie it in lykopgeande striid. It gat hat nea mear as fjouwer punten west.
Mei fjouwer goals wie der in wichtige rol foar Femke Faber. Sy wie de topskoarer oan de side fan LDODK.
17:07

Byrol foar Marwin Talsma op 5.000 meter

Marwin Talsma is snein njoggende wurden op de 5.000 meter by de wrâldbeker yn Poalen. De Grouster kaam ta in tiid fan 6.28,75.
Dat is mear as tsien sekonden stadiger as winner Patrick Roest (6.18,01).
16:49

LDODK oan de lieding by it skoft

De kuorballers fan LDODK steane healweis de wedstriid op foarsprong tsjin Fortuna.
De ploech út Delft kaam earst noch mei 2-5 foar, mar oan de ein fan de earste helte stie it dochs 10-8 foar de ploech fan De Gordyk.
15:54

Bûtenpost ûnderút yn Tubbergen

Bûtenpost hat it duel tsjin TVC'28 yn de fjirde divyzje fan it amateurfuotbal mei 2-1 ferlern.
Lang like de wedstriid op in puntedieling út te draaien, mar yn blessueretiid makke Okke Schepers dochs noch de 2-1 foar de ploech út Tubbergen.
Bûtenpost stiet no alfde mei 17 punten.
15:11

Kok bûten it poadium op 1.000 meter

Femke Kok is snein fjirde wurden op de 1.000 meter by de wrâldbeker yn it Poalske Tomaszów Morawiecki.
Kok kaam ta in tiid fan 1.16,51. De winst gie nei de Japanske Miho Takagi (1.15,28), it sulver wie foar de Amerikaanske Brittany Bowe (1.16,20) en har lângenoate Kimi Goetz pakte it brûns (1.16,25).
Yn de B-groep einige Marrit Fledderus mei 1.17,72 op it tredde plak.