Noch gjin fertochten yn byld yn PowNed-ynsidint mei Sunneklaas

Dominique Weesie fan PowNed
Dominique Weesie fan PowNed © ANP
De plysje hat noch gjin fertochten op it each yn ferbân mei it ynsidint op It Amelân. Sjoernalisten fan omrop PowNed waarden dêr tiisdei oanfallen doe't sy ferslach dwaan woene fan it Sunneklaas-feest.
"We hebben nog geen verdachten op het oog en er zijn nog geen aanhoudingen verricht", sa hat in plysjewurdfierder witte litten. Plysje Noard-Nederlân hopet begjin takom wike mear sizze te kinnen oer it ûndersyk.
Der binne yntusken meardere oanjeften dien nei oanlieidng fan it ynsidint tusken in tal bewenners fan It Amelân en de kameraploech fan PowNed. It is net dúdlik watfoar oanjefte eilanners krekt dien hawwe.

Resjerzje docht ûndersyk

De resjerzje docht it ûndersyk, om't it neffens de plysje in "heftig incident" west hat, dat "zorgvuldig en op de juiste manier" ûndersocht wurde moat.
PowNed jout oan dat de plysje yn 't earstoan net helpe woe doe't de sjoernalisten bedrige waarden troch de minsken fan it eilân. Foarsitter Dominique Weesie belle dêrnei mei minister Dilan Yesilgöz fan Justysje en Feiligens.