Koart Keamerlidmaatskip deart De Jong net: "Yn de skiednis wienen der in soad passanten"

cv fan Romke de Jong
cv fan Romke de Jong © Omrop Fryslân
Romke de Jong siet noch gjin trije jier yn de Twadde Keamer, mar hy ferlit Den Haag alwer. "Keamerlid moatte je mei 100 prosint oertsjûging wêze, dêr moatte je alles foar jaan. Dêryn ha ik no in oare kar makke."
De politikus fan D66 kaam nei de foarige ferkiezingen yn de Keamer. Doe't it kabinet ôfrûne simmer foel, hat De Jong neitocht oer de fraach oft er opnij de Keamer yn woe. It antwurd wie 'nee'.

Kar foar de húshâlding

"It amt is prachtich en earfol. Je kinne echt wat betsjutte, mar mei jonge bern wurdt it wol oars. Je wolle ek wolris thús wêze, en net allinnich yn it wykein. Ik mis it stikje Fryslân, ik mis myn húshâlding. Want je sitte dochs allinnich yn Den Haag."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Romke de Jong.
De Jong hat no keazen foar 'in rol thús'. "It is ek wichtich om in kear op in âlderjûn te wêzen, in kear op skoalle te wêzen. Op it skoalplein te stean en lâns de line op sneon."

Passant

En sa bliuwt de termyn fan De Jong beheind oant likernôch tûzen dagen yn de Keamer. Je soenen stelle kinne dat de D66'er passant wie yn Den Haag. Dy benaming docht him lykwols net sear.
"It wie in bjuster moaie perioade en as je sjogge nei 200 jier Twadde Keamer, dan binne in hoop minsken passant."
Romke de Jong fynt it net slim op passant te wêzen
Der wurdt wolris sein dat it in jier duorret foardat je wat berikke kinne as Keamerlid. De Jong is it dêr net mei iens. "Je sette dochs in soad saken yn gong, dat giet net sa gau as yn it bedriuwslibben, dêr bin ik no ek efter, mar dat binne saken dy't de nije Twadde Keamer ek oppakt."

Min resultaat D66

By de Twadde Keamerverkiezingen ferlear De Jong syn partij D66 fyftjin sitten. "Wy binne der net yn slagge de punten dêr't wy foar stean goed oan it fuotljocht te bringen."
Neffens De Jong is it net sa dat de partij yn it kabinet Rutte IV neat berikt hat. "Ast sjochst watfoar enoarme pakketten der kaam binne om de keapkracht te stypjen, dan is dêr in hiel soad bard. Dat hawwe we skynber net genôch foar it fuotljocht brocht."
Romke de Jong oer de teloargong fan syn partij
Mei it fuortgean fan De Jong ferdwynt ek in foarfjochter fan de Fryske taal út de Keamer. De Jong wie de inisjatyfnimmer efter it 'Fryslân-debat', in debat oer it nij op te stellen Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK).
"Dêr binne doe in hiel soad fragen oer steld. Safolle dat it ministearje no seit: 'we moatte der nochris goed nei sjen en dan pas kinne we de folgjende stap sette'. Dat stimt my hiel hoopfol."
Ik fyn it moai dat Max Aardema en Aant-Jelle Soepboer yn de Keamer komme, dat binne echte Friezen.
Romke de Jong
De Jong is net benaud dat der minder goed foar de belangen fan it Frysk opkaam wurdt, no't hy Den Haag ferlit. "Ik fyn it moai dat Max Aardema en Aant-Jelle Soepboer yn de Keamer komme, dat binne echte Friezen. Ik bin derfan oertsjûge dat sy der ek goed foar gean."
Romke de Jong oer it Frysk yn de Twadde Keamer
"Ik ha mei elts Frysk Keamerlid kontakt, mar it giet net allinnich om de Friezen", stelt De Jong. "Der hawwe ek oaren meidien oan it petear, om't sy ek sjogge dat it wichtich is foar Fryslân. Moai dat sy harren derfoar ynspanne."

Ridder

By syn ôfskied krige De Jong in lintsje. "Dat fûn ik bûtengewoan earfol. Ik bin bêst 'oranjegezind'. Dat is net it stânpunt fan myn partij, mar je meie bêst wat ôfwike."
De Jong giet dus as ridder fuort út de polityk, mar hoe 'fuort' is 'fuort'? Sjogge we him dan nea wer werom yn de polityk? "Ik ha no regionaal en lanlik trettjin jier yn de polityk sitten. It is goed om in bytsje ôfstân te nimmen, mar ik slút net út dat it nochris begjint te kribeljen. Mar foar no hoopje ik wat mear yn Fryslân te wêzen as it ôfrûne jier."
De cartoon fan Gerco van Beek
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân