Vapesmaakjes sels minge is gefaarlik, warskôget dizze Fryske longdokter

Twa famkes mei in vape
Twa famkes mei in vape © Shutterstock.com (Aleksandr Yu)
Offisjeel meie de smaakjes fan 1 jannewaris ôf dan ferdwine, de vape-yndustry hat al in alternatyf fûn. Je kinne aanst pakketten bestelle dêr't je sels in smaak mei minge kinne. Dat falt binnen de regels. Mar it is wol gefaarlik, warskôgje dokters.
Der binne meardere wizen om it smaakferbod te omsilen. Tabakssaken dogge dêr no frijwat ûndúdlik oer.
Nei in pear belrûntsjes mei ferkeapers wurdt dúdlik dat der wurke wurdt oan ferskate oplossingen. Sa komt der in soarte fan 'doe-het-zelf-pakket' op de merk der't je sels vapes mei minge kinne.

Klik-bolletjes

Ek wurdt wurke oan filters foar de vapes. Dêr kinne je dan saneamde 'klik-bolletjes' yn dwaan. Oan de efterside fan it filter wurdt dan in gatsje makke dêr't sa'n boltsje yn kin. As je dy stikken drukke, komt de smaak frij.
In foarbyld fan hoe't it sels mingen fan in vape wurkje kin
In foarbyld fan hoe't it sels mingen fan in vape wurkje kin © Omrop Fryslân
By it Trimbos-instituut witte se dat de yndustry al dwaande is mei alternativen. "Het is de dynamiek van de tabaksindustrie: iedere keer wat nieuws", seit tabaksûndersiker Esther Croes fan it ynstitút. "We weten dat er al een jaar iets op de plank ligt."
It is in lytse tebeksetter yn de striid tsjin it smoken, sa seit Croes. "Het is een zaak van de lange adem. Bedenk dat er vroeger in de trein nog gerookt werd. Dit is een vervelende hobbel op de weg naar een rookvrije generatie."

Yllegale hannel

De leeftiidsgrins om vapes te keapjen is (lykas dy fan smoken) 18 jier. Minsken dy't jonger binne kinne der lykwols maklik oan komme.
Op it skoalplein en op oare plakken is in soad yllegale hannel. Dochs tinkt Croes dat it smaakjesferbod dochs doel hat: "We willen voorkomen dat er nieuwe jongeren beginnen met vapen. Voor een 12-jarige is de drempel om iets illegaal te kopen toch hoger."
Longdokter Rolof Gijtenbeek fan it MCL
Longdokter Rolof Gijtenbeek fan it MCL © Omrop Fryslân
It sels mingen wurdt sjoen as gefaarlik. MCL-longdokter Rolof Gijtenbeek warskôget dêrfoar. "Er zijn stoffen in omloop waar veel meer nicotine in zit. Die komen uit het buitenland en daarvan weet je niet wat er precies in zit."

EVALI

Esther Croes fan it Trimbos-instituut: "Nog niet zo lang geleden is dat in de Verenigde Staten misgegaan. Er zijn daar mensen overleden door het gebruik van verkeerde stoffen, andere moesten naar het ziekenhuis."
De minsken waarden dêr opnaam mei EVALI ('e-cigarette or vaping use-associated lung injury').
Dat kaam op nei't minsken e-sigaretten smookten dêr't in mingsel yn siet fan fitamine E-acetaat en de wurksume stof út kannabis, THC. Dêr sit oalje yn. Dat komt yn de longen en soarget derfoar dat der gjin soerstof mear opnaam wurde kin.
Longdokter Rolof Gijtenbeek jout foarljochting op CSG Comenius
Longdokter Rolof Gijtenbeek jout foarljochting op CSG Comenius © Omrop Fryslân
De vape-ferkeapers warskôgje hjir online ek foar. Dy stelle dat in soad minsken net witte dat in soad smaakstoffen op oaljebasis binne en dat dy ast se yn in vape-apparaat dochst, libbensgefaarlik binne. Ien fan de ferkeapers docht de foarsizzing dat ek yn Nederlân deaden falle sille troch ferkeard gebrûk.

Foarljochting op skoallen

Longdokter Gijtenbeek is frege op syn âlde skoalle CSG Comenius yn Ljouwert gastles te jaan. Learlingen út de fjirde klassen fan de havo en it vwo krije fan de longdokter te hearren wat vapen krekt docht en hoe gefaarlik it is.
It is mei-organisearre troch havo 4-teamlieder Matthijs van der Steege. "We witte dat der wolris vapet wurdt op it plein en yn de wc's, dat rûke we wol. We binne der op it skoalleplein wol skerp op, mar foarkomst net alles."
Teamlieder Matthijs van der Steege
Teamlieder Matthijs van der Steege © Omrop Fryslân
Se hoopje op de skoalle dat de foarljochting de learlingen oan it tinken set. Van der Steege hat net de yllúzje dat de jongelju no fuort vapes oan de kant lizze. "As se der mar oer neitinke."
In soad fragen komme der net. It is de measte learlingen wol bekend dat vapen ferslavend is en ek skealik. Se ha der alris wat oer sjoen of lêzen.