Nei hiel wat bealgjen iepenet VV Heech syn nije kantine: "Wy binne der grutsk op"

De nije kantine fan VV Heech doe't it wurk ein septimber klear wie
De nije kantine fan VV Heech doe't it wurk ein septimber klear wie © VV Heeg
In jier lang wurken frijwilligers fan VV Heeg hurd oan de bou in nije kantine. De fuotbalklup helle sels 75.000 euro op om de put te beteljen. Dit wykein hâldt de klup twa iepeningsfeesten.
De kantine wie yn oktober al klear, mar no wurdt it nije gebouw offisjeel iepene. Freeds is der in besletten feest foar alle frijwilligers dy't in jier lang yn 't spier west hawwe om it mooglik te meitsjen.
Nei't oan harren de wurdearring utere is, folget sneon in iepeningsfeest foar de rest fan de klup, it doarp en de sponsoaren. Dêr is muzyk by en alle gebouwen binne iepensteld, fan keuken oant bestjoerskeamer.
Genôch romte foar in 'tredde helte' yn de kantine
Genôch romte foar in 'tredde helte' yn de kantine © VV Heeg
Ferline jier augustus gie de skeppe de grûn yn, nei't it seizoen foarby wie. De hoop wie dat it wurk foar de earste thúswedstriid klear wêze soe. Dat slagge net hielendal, mar foarsitter Joris Wijnja is alderminst ûntefreden. "Wy binne eins mar twa moannen útrûn, dus dat falt hartstikke mei."

Utwreiding

De bouplannen hawwe wol twa kear op 'e nij nei de tekentafel west. In earste idee mei nije klaaiboksen by de kantine bliek wat tefolle frege. Fanwegen de kosten is úteinlik besletten in part fan de âlde kantine op 'e nij te brûken. De kantine is dus wol fernijd en útwreiden, mar eventuele klaaiboksen moatte letter noch folgje.
Uteinlik soe dat wol winsklik wêze, seit Wijnja. Want de cv-tsjettels yn de hjoeddeiske klaaikeamers binne oan ferfanging ta en mei it each op de groei fan de fuotbalklup, kin it wêze dat de romte fan no úteinlik net mear tarikkend is.
By de fjilden fan VV Heech
By de fjilden fan VV Heech © VV Heeg
Wijnja is op dit stuit foaral grutsk op de nije kantine en it feit dat it slagge is om yn in goed jier in modern en duorsum gebou del te setten. "Wy binne der tige grutsk op en hawwe allinne mar positive reaksjes heard, ek fan de tsjinstanners."