Liveblog | 8 desimber 2023

112-nijs 8 desimber: Wapen fûn yn finzenis Ljouwert | Syktocht nei ynbrekkers yn Garyp

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 8 desimber 2023, 20:32
20:32

Syktocht nei twa ynbrekkers yn Garyp

De plysje is op syk nei twa persoanen dy't freedtejûn ynbrutsen ha soene yn in wenning oan de Easterein yn Garyp. Fia Burgernet waard oproppen út te sjen nei twa minsken yn donkere klean. Oft der wat meinommen is út de wenning, is net bekend. De plysje docht ûndersyk.
17:10

Finzenisdirekteur: Fjoerwapen lei yn ôffalbak

De finzenis yn Ljouwert
De finzenis yn Ljouwert © ANP
De sjitpinne dy't fûn is yn de finzenis fan Ljouwert lei yn in ôffalbak. Dat seit finzenisdirekteur Gino Tibboel. In sjitpinne is in fjoerwapen dêr't je ien kear mei sjitte kinne.
De bewaker dy't de pinne fûn, tocht earst dat it in echte pinne wie, mar pakte 'm dochs út de ôffalbak. Doe foel op dat er wol hiel swier wie, seit Tibboel.
"Hij was echt goed gemaakt, en zag eruit als een gewone pen. Het leek alsof je er mee kon schrijven, maar als je goed keek zag je een veertje zitten waarmee je kon vuren."
In kûgel is der net fûn, ek al ha spesjalisten dêr wol nei socht. "De hele afdeling is over de kop gegooid, er is een dag lang gezocht, maar we hebben niets gevonden. Daarmee was de actie afgerond."
Net de hiele finzenis is trochsocht, seit Tibboel. "Dan hadden we anderhalve week moeten zoeken. Het is een afweging tussen orde en rust aan de ene kant, en veiligheid aan de andere kant."
It is noch net dúdlik hoe't it wapen de finzenis yn komme koe, seit de direkteur. "Dat gaan we nu onderzoeken, maar de kans bestaat dat we er nooit achter komen. Degene die hem had zal wel niet bij mij aankloppen om dat te bekennen."
16:10

A7 ticht tusken De Jouwer en Snits om wurk yn tunnel

De tunnel by De Jouwer
De tunnel by De Jouwer © ANP
De A7 tusken De Jouwer en Snits giet jûn ticht yn ferbân mei wurk oan de Prinses Margriettunnel by Twellingea. Ferkear yn de rjochting fan Snits moat omride. Ferkear fan Snits nei De Jouwer kin wol troch de tunnel.
De ôfsluting is nedich om ekstra gewicht yn de tunnel te pleatsen. Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat giet it om 420 ton.
It wurk wurdt ferdield oer twa nachten. Yn de nacht fan sneon op snein is de dyk fan De Jouwer nei Snits opnij ticht. Beide nachten wurdt de tunnel om 19:00 oere ôfsletten, en om 05:00 oere kinne de earste auto's der wer trochhinne.
Ferkear wurdt omlaat oer de brêge by Twellingea. Dy wie dizze hiele wike ôfsletten foar it ferkear, yn ferbân mei in reparaasje, mar Rykswettersteat meldt dat dy reparaasje no klear is.
15:24

Sjitpinne sûnder munysje fûn yn Ljouwerter finzenis

De Marwei yn Ljouwert
De Marwei yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn de finzenis yn Ljouwert is fannewike ien fan de fleugels hielendal trochsocht, neidat der in sjitpinne fûn wie, sûnder munysje.
In spesjalistysk team fan justysje, de Landelijke Bijzondere Bijstandseenheid (LBB) hat yn gearwurking mei personiel fan de finzenis alle sellen en mienskiplike romten trochsocht.
Neffens direkteur Gino Tibboel fan de finzenis soarge de fynst fan it wapen foar flink wat skrik ûnder it finzenispersoniel. It hie in soad ympakt op it feilichheidsgefoel fan meiwurkers.
"Vandaar dat we besloten hebben om de betreffende afdeling binnenstebuiten te laten keren om te kijken of er munitie of andere gevaarlijke spullen aanwezig zouden zijn. Dit was gelukkig niet het geval. Omdat een schietpen valt onder de wapenwet hebben we ook de politie geïnformeerd over deze vondst."
14:49

Oanfarring tusken frachtskip en katamaran

De brânwacht by de katamaran
De brânwacht by de katamaran © ProNews
Der hat freedtemiddei in oanfarring west tusken in frachtskip en in katamaran op It Hearrenfean. Neffens Jan Kees Toxopeus fan de brânwacht Fryslân is der nimmen ferwûne rekke.
De katamaran rekke swier skansearre, mar is oant no ta net sonken. It frachtskip liket gjin skea oprûn te hawwen. Wat de oarsaak fan de oanfarring is, is net bekend.
14:39

Man út Blauhús fermist

De plysje siket in 79-jierrige man dy't sûnt ôfrûne nacht fermist is út in tehûs út Blauhús.
It giet om in demintearjende man. Hy hat in wite hûdskleur, is ûngefear 1 meter 85 lang en hat in meager postuer. De man hat faak in pet op en draacht in bril. Hy hat donkerblauwe klean oan.
Der is in Burgernetmelding ferspraat wêryn't minsken oproppen wurde om nei him út te sjen. De man is mooglik yn de rjochting fan Aldegea/Heech gien, mar it is ek in opsje dat hy him rjochting Boalsert ferpleatst hat.
Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de plysje.