Capitals yn heale finale beker: "Wij willen de stuntploeg van dit seizoen worden"

OG Capitals
OG Capitals © Age Okkema
It giet goed mei OG Capitals út Ljouwert. De iishockeyklup is de ôfrûne jierren enoarm groeid en it earste team draait knap boppe-yn mei yn de earedivyzje. Boppedat steane de Capitals yn de heale finale fan de beker. Sneontejûn is de earste wedstriid, thús tsjin Geleen.
Sûnt dit seizoen is Marco Postma coach by de Capitals. Tegearre mei Arjan Peters is de Ljouwerter ferantwurdlik foar it earste team. "Het bevalt me heel goed", seit Postma entûsjast. "We hebben een leuk team en er zit behoorlijk wat vooruitgang in onze prestaties."

Prachtige karriêre as iishockeyer

De yntusken 40-jierrige Postma hat sels in prachtige karriêre as iishockeyer efter de rêch. Hy stie mar leafst 23 jier op it iis, wêrfan 17 seizoenen by de UNIS Flyers op It Hearrenfean. Mei dy ploech wûn hy yn 2017 de BeNe League. Ek waard Postma dat seizoen topskoarer en waard er útroppen ta 'meest waardevolle speler'.
Marco Postma doe't hy mei Flyers de BeNe League wûn yn 2017
Marco Postma doe't hy mei Flyers de BeNe League wûn yn 2017 © Orange Pictures
De lêste twa jier fan syn karriêre spile Postma by de klup dêr't hy as jonge jonge begûn. "Eigenlijk was het niet lastig om de switch van speler naar coach te maken. De laatste jaren was ik al veel aan het coachen, zo groeide ik langzaamaan in die rol. Vorig seizoen hielp ik Arjan al met een aantal dingen, nu doen we het volledig samen."
De Capitals spylje no alwer foar it achtste seizoen op rige yn de earedivyzje. Dat is ien nivo ûnder de BeNe League, dêr't de Flyers yn spylje. Yn de begjinjierren wist it publyk de iishal yn Ljouwert noch net echt te finen, mar de lêste tiid sitte der hieltyd in soad fans op de tribune. By de lêste thúswedstriid, tsjin koprinner Amsterdam Tigers wienen der hast 600 taskôgers.
OG Capitals Marco Postma
Coach Marco Postma fan OG Capitals yn aksje © Age Okkema
"Onze club leeft", sjocht ek captain Tycho Houben út Leeuwarden. Hy is 22 jier, mar spilet alwer sân jier yn Capitals 1. "Het is gewoon heel leuk om in dit team te spelen, we zijn allemaal vrienden van elkaar. Veel jongens ken ik al vanuit de jeugd. Ja, je kunt het echt een vriendenteam noemen."
Ek Hessel de Jong (24) wennet yn Ljouwert en ek hy spilet yntusken alwer lange tiid yn it earste team. "We hebben echt grote stappen gemaakt de afgelopen jaren. Dit seizoen gaat het heel goed. Oké, we hebben eind november dik verloren van Amsterdam Tigers (1-8). Maar dat hoort erbij. Gelukkig hebben we het de week erna weer goed gemaakt door de derby van de Flyers te winnen."
Bekerwedstriid fan de Capitals
"Een jaar of twaalf geleden was de club nog heel klein", ferfolget Postma. "Toen waren er al wel wat talentvolle jeugdploegen, die hebben zich ieder jaar doorontwikkeld. Het is heel mooi om te zien dat die jeugdteams zijn uitgegroeid tot zo'n sterk eerste team. De jongens die je net hebt gesproken, Tycho Houben en Hessel de Jong, zijn daar een mooi voorbeeld van."
Net allinnich de spilers binne bot groeid, ek de klup is in stik profesjoneler wurden. De Jong: "We hebben sinds kort een prachtige eigen kleedkamer. Die hebben we met onze spelersgroep zelf ontworpen. Daarnaast hebben we goede teamkleding en gaan we tegenwoordig in een grote spelersbus naar de uitwedstrijden toe."
De spilers fan OG Capitals fiere dat se skoard hawwe
De spilers fan OG Capitals fiere dat se skoard hawwe © Age Okkema
De Capitals steane yn de heale finale fan de beker. By de klup binne se dêr hiel grutsk op. "Wij zijn natuurlijk nog een vrij jonge club", seit Houben. "Dat je dan de halve finale haalt, is geweldig."

Heale finale tsjin BeNe League-klup

Tsjinstanner yn dy heale finale is Eaters út Geleen, in ploech út de BeNe League. It giet om in best-of-three-searje. As je allinnich nei de sifers sjogge, binne de Limboargers de favoryt.
"Geleen heeft een begroting die een keer zo groot is als de onze", wit ek Postma. "Toch heb ik onze ploeg dit seizoen enorm zien groeien. Als wij een heel goede dag hebben, en Geleen een mindere, dan is er wellicht wat mogelijk. Het zou natuurlijk fantastisch zijn als wij de finale kunnen halen."
Ek Houben tinkt dat Capitals net kânsleas is. "We moeten allemaal keihard voor elkaar werken en dan kan het zomaar een mooie serie worden. Laat ons maar de stuntploeg van dit seizoen in de beker worden."
Sneon 9 desimber om 18.00 oere spilet Capitals de earste wedstriid yn de best-of-three-searje thús tsjin Eaters Geleen. In dei letter (snein 10 desimber) stiet de return yn Limboarch op it programma, dat duel begjint om 19.00 oere. In eventuele tredde wedstriid stiet op woansdei 13 desimber om 20.30 oere pland yn Geleen,
De finale fan de beker wurdt op snein 4 febrewaris spile.
De grutte fraach is: wol Capitals ek ea de stap nei de BeNe League meitsje? Postma twivelet. "Als sportman wil je natuurlijk altijd winnen en dus ook omhoog. Maar we spelen nu in een heel leuke competitie, met ploegen die qua niveau dicht bij elkaar liggen."
"Het mooie is ook dat we maar één wedstrijd per week spelen. Ga je naar de BeNe League, dan speel je twee duels per week. Daar zit ook een financieel plaatje aan vast."
"Je moet dan ook spelers hebben die twee keer per week wíllen spelen", giet Postma fierder. "Wij hebben geen profs in onze selectie. iedereen werkt er nog naast of gaat naar school. Voorlopig is de eredivisie een prima competitie voor ons."