Segryn en realisme by Hearrenfean nei ferlies by koprinner

Syb van Ottele fynt dat Hearrenfean in punt pakke kind hie tsjin PSV
Syb van Ottele fynt dat Hearrenfean in punt pakke kind hie tsjin PSV © Orange Pictures
Der hie mear yn sitten. Dat is it gefoel dat libbet by sc Hearrenfean nei it ferlies by koprinner PSV (2-0). "Dit hie net hoegd."
Doelman Andries Noppert jout ta dat PSV in soad kânsen hie. "Mar as wy krekt wat mear gelok hienen yn de earste helte, hienen wy ek in doelpunt meitsje kind. By de twa tsjingoals siet it ús ek net mei."
By de earste goal waard in foarset fan Malik Tillman krekt oanrekke troch Oliver Braude, wêrtroch't de bal perfekt foar de fuotten fan Guus Til kaam te lizzen. Yn de twadde helte gong in djiptepass ûnder de fuotten fan Syb van Ottele troch, wêrnei't Pepi skoare koe.
"Ik draaide verkeerd om en kwam net niet goed uit met m'n passen", seit Van Ottele. "Daardoor kon ik de bal niet onderscheppen. Daar baal ik van."
Hy seach it gebeuren. "Joey Veerman was helemaal vrij aan de bal en draaide open. Dan weet je dat hij de bal probeert diep te geven. Ik zag Pepi vertrekken en probeerde te draaien, maar dat deed ik dus de verkeerde kant op."
Syb van Ottele baalt fan de 2-0, wêrby't de bal ûnder syn foet troch gie
Van Ottele hie ek it gefoel dat Hearrenfean mei wat mear gelok in punt pakke kind hie. "We hebben de mogelijkheden gehad om te scoren. Zo kregen we ook kansen, maar ik vind dat we soms wat sneller moeten schieten om écht gevaarlijk te worden."
Trainer Kees van Wonderen haat it om te ferliezen, mar kin dizze nederlaach relativearje. "We hebben ons naar vermogen gepresenteerd. We hebben niet alles eruit gehaald. Maar dan had ook alles goed moeten vallen."
Hy is benammen bliid omdat er foarútgong sjocht. "Als je dit vergelijkt met hoe we begin dit seizoen tegen Feyenoord speelden, dan zijn we duidelijk stappen vooruit aan het maken."
Kees van Wonderen kin libje mei de útslach, ek al haat er ferlies
Dat it hieltyd wat better giet mei Hearrenfean, litte de resultaten fan de lêste wiken ek wol sjen. "Maar ik wilde de bevestiging graag zien: hoe verhouden wij ons tot PSV? Het was een test om te kijken of we stappen hebben gemaakt. De conclusie is dat ik hiermee kan leven."

Op it goede paad

Nei ôfrin hat Van Wonderen dat ek yn de klaaikeamer sein. "Dit is het echte topniveau, het niveau waar sommige jongens naartoe willen. Dan zijn er nog zeker verbeterpunten, maar we zijn op weg."
Dat fynt Noppert ek. "PSV is in topploech, dy't troch is yn de Champions League en gemiddeld hast trije kear skoart yn in wedstriid. Dan kinne we grutsk wêze op hoe't we soms fuotbalje."
Noppert hat gjin boadskip oan de 'haters': "Lit ik my net oer út"
De doelman hat begjin dit seizoen geregeld krityk krigen op syn prestearjen. De lêste wiken giet it wer better, fernimt er. "Ik ha it idee dat ik der wol lekker yn sit. Je wolle altyd mear fansels, sa hie ik tsjin PSV ek resultaat behelje wold. Mar ik ha de opgeande line te pakken."

Akseptearje is "it alderdreechste wat der is"

Wêr't it oan lei dat it in skoft minder gong, wit er net. "Hie ik mar in ferklearring, dan hie it maklik west. Mar je moatte it soms akseptearje. Elkenien makket fouten yn syn fak. Dat is ek hielendal net slim, mar de fuotbalwrâld is hurd. Ik moast my 'herpakke', dat ha ik gelokkich dien."
As er toch ien aspekt oanwize moat wêrtroch't er in mindere faze hie: "Ik tink dat it yn myn holle siet. En dan wol ik it o sa graach oplosse. Je moatte it akseptearje, mar doch dat mar ris. Dat is it alderdreechste wat der is."