sc Hearrenfean mocht lang hoopje, mar kin koprinner PSV net ferrasse

Andries Noppert baalt fan it ferlies tsjin PSV
Andries Noppert baalt fan it ferlies tsjin PSV © ANP
sc Hearrenfean hat koprinner PSV net syn earste puntferlies fan it seizoen besoargje kind. De Eindhovenaren wûnen yn eigen hûs mei 2-0.
Nei in goed healoere makke Guus Til, mei in bytsje gelok, de iennige goal fan de earste helte.
Nei it skoft mocht Hearrenfean noch lang hoopje op de lykmakker, omdat PSV it fergeat ôf te meitsjen. Oant in kertier foar tiid: doe makke Ricardo Pepi dien wurk.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude, Van Beek, Van Ottele, Köhlert; Olsson, Haye, Brouwers; Nunnely, Van Amersfoort, Sahraoui.
PSV begûn sterker oan de wedstriid en krige fia spits Luuk de Jong, neffens guon de bêste kopper fan de wrâld, de earste kâns.
Yn de tsjinoanfal wie de rappe rjochtsbûten Ché Nunnely twa kear driigjend foar Hearrenfean en sa besoarge er spits Pelle van Amersfoort ek in kânske. Dat smiet gjin echt gefaar op foar PSV. Sven van Beek wie tichter by in treffer: syn skot gie krekt njonken.
Dêrnei waard de thúsploech wol hieltyd sterker. Benammen Ismael Saibari makke it de Hearrenfean-ferdigeners dreech. Johan Bakayoko liet doelman Andries Noppert ek wurkje: mei in knappe rêding foarkaam er de 1-0.
Thom Haye en Oliver Braude besykje Ismael Saibari tsjin te hâlden
Thom Haye en Oliver Braude besykje Ismael Saibari tsjin te hâlden © ANP
Ald-Hearrenfeanspiler Joey Veerman, dy't krekt op tiid fit wie foar dizze wedstriid, soarge mei in skot fanôf sechstjin meter ek foar gefaar.
Hearrenfean oerlibbe dat earste healoere, mar doe wie it wol raak. Malik Tillman sette foar fanôf rjochts. De bal waard krekt oanrekke troch rjochtsback Oliver Braude en kaam dêrom perfekt foar de fuotten fan Guus Til. Dy koe de bal ienfâldich oer de line wurkje.
Foar it skoft kaam Hearrenfean noch in kear ticht by de lykmakker: in ôfstânsskot fan Syb van Ottele miste syn doel krekt.
Oliver Braude ferdigenet in foarset fan Malik Tillman
Oliver Braude ferdigenet in foarset fan Malik Tillman © ANP
Oan it begjin fan de twadde helte sette PSV troch, op syk om de wedstriid fuort yn it slot te smiten. Dat smiet kânsen op foar Veerman en Sergiño Dest. Dy gongen der net yn, mar Luuk de Jong skoarde wol. Syn goal waard troch de VAR lykwols weromdraaid, omdat er de bal mei de hân rekke hie.
Sa hold Hearrenfean hoop op in goede ôfrin. De Jong wie dêrnei wer ticht by de 2-0, mar rekke diskear de latte.
Sven van Beek (4) yn diskusje mei Luuk de Jong
Sven van Beek (4) yn diskusje mei Luuk de Jong © ANP
De Jong waard in kertier foar tiid nei de kant helle en syn ferfanger Ricardo Pepi beslikke it duel fuortendalik. Hy profitearre fan in flater fan Syb van Ottele en lei kalm de 2-0 binnen.
Dêrmei wie de oerwinning foar PSV wol binnen. Hearrenfeanspits Ion Nicolaescu, dy't ek krekt it fjild yn kaam wie, makke noch hast in hiel moaie earetreffer. Hy rekke mei in hurd skot de krusing.
Besjoch hjir de gearfetting fan it duel: