Tsientallen kilometers omride: leanbedriuw Twellingea sit yn 'e mage mei wurk oan brêge

It leanbedriuw, mei dêrachter de ôfsletten brêge oer it Prinses Margrietkanaal
It leanbedriuw, mei dêrachter de ôfsletten brêge oer it Prinses Margrietkanaal © Omrop Fryslân
Tsientallen kilometers omride en hiel wat ekstra oeren meitsje. Leanbedriuw Atsma fan Twellingea hat bot te lijen ûnder it wurk oan de brêge oer it Prinses Margrietkanaal. Se wolle dat Rykswettersteat mei in oplossing komt, hielendal as de brêge yn de takomst noch faker ôfsletten wurde moat.
It bedriuw fan direkteur Germ Atsma sit op noch gjin hûndert meter ôfstân fan de brêge by Twellingea. De brêge rekke it ôfrûne jier oerbelêste, troch it ekstra ferkear fanwegen de problemen mei de Prinses Margriettunnel, en wie dêrom dizze wike ticht foar reparaasjes.
In needgefal en begryplik, neffens Atsma. Mar sa'n ôfslúting hat grutte finansjele gefolgen foar syn leanbedriuw, dat in soad klanten súdlik fan it wetter hat. Om't Atsma yn de takomst noch mear ôfslutingen foarsjocht, is út namme fan it bedriuw in brânbrief nei Rykswettersteat stjoerd.

Kilometers omride

De auto's fan it bedriuw kinne noch wol troch de tunnel ride. Mar stadichridend ferkear fan it leanbedriuw mei dat net. Dat moat tsientallen kilometers omride, fia de brêgen fan Aldskou of Spannenboarch.
En by swier transport, lykas trekkers, shovels en kranen, is it hielendal slim. Fanwegen beheinings op de earder neamde brêgen moat it swiere transport sels fia Grou of De Lemmer omride, om bygelyks op De Jouwer of by It Hearrenfean te kommen.
Soargen bedriuw Twellingea
"Wy ha in grutte skeapost; yn oeren, minsken en gasoalje", leit Germ Atsma út. "Ast dat op jierbasis besjochst, dan telt dat hiel rap op. Dit is noch ien wike, dêr meitsje wy noch gjin drokte om. Mar takom jier stiet der mear wurk oan de brêge op de planning. Dat wurdt foar ús noch folle mear skea."
Yn de brânbrief oan Rykswettersteat rûst Atsma de skea op sa'n 2.000 oant 3.000 euro foar eltse wike dat se de brêge by Twellingea net brûke kinne.

Nije brêge

It slimste senario dêr't de direkteur rekken mei hâldt, is as de brêge oer in pear jier mooglik hielendal ferfongen wurde moat. Dan soe der in skoft struktureel omriden wurde moatte. "Op lange termyn rinne wy dan sels risiko's kwa besteanswissigens en wurkgelegenheid."
Ferkear rûnom yn Fryslân hat al skoften lêst fan wurk oan diken, slûzen en brêgen. De Ofslútdyk en de Prinses Margriettunnel binne foarbylden. Mar ek de brêge by Aldskou en de brêge by Spannenburch ha ferlet fan ûnderhâld. Takom wike wurdt dy lêste brêge ek ôfsletten foar ferkear fanwegen wurksumheden.
Atsma hopet dat Rykswettersteat op koarte termyn mei in oplossing komt. Net allinne foar it leanbedriuw sels, mar ek foar oare bedriuwen yn de omjouwing.
Wurdfierder Christiaan Kooistra fan Rykswettersteat jout yn in reaksje oan yn petear te wêzen mei it bedriuw en harren soargen te begripen. "Als Rijkswaterstaat hebben we bereikbaarheid hoog in het vaandel staan, maar we zetten veiligheid nog net even een treetje hoger."

"Einde levensduur"

Dat der takom jier noch faker wurke wurde sil oan de brêge by Twellingea is wol dúdlik. "De brug Uitwelleringa is einde levensduur. Daardoor is meer onderhoud onvermijdelijk, zeker met de toegenomen verkeersdrukte. Daarom loopt er ook een apart project om de brug te vervangen."
brêge, Twellingea, Atsma
Direkteur Germ Atsma (rjochts) en Anne de Jager © Omrop Fryslân
Sels hat de direkteur wol in oplossing foar wannear't de brêge faker ôfsletten wurdt. "In bypass troch de Prinses Margriettunnel. Dêr sit no in beheining fan fyftich kilometer yn 'e oere op. Mar fanwegen it wurk oan it akwadukt wurdt der no dochs al net sa hurd riden."
Rykswettersteat kin en wol op dit stuit noch gjin tasizzingen dwaan. Takom wike tongersdei wurdt in ynformaasjegearkomste foar direkt belutsenen organisearre. Dêr sille sy bypraat wurde oer de stân fan saken.
Swier ferkear fan it bedriuw moat tsientallen kilometers omride
Swier ferkear fan it bedriuw moat tsientallen kilometers omride © Omrop Fryslân