Imago Fryske walfiskfarders bot feroare, sa lit FryslânDOK 'Bloed en blubber' sjen

Durk van der Veen mei de groepsfoto fan walfiskfarders op de Willem Barendsz
Durk van der Veen mei de groepsfoto fan walfiskfarders op de Willem Barendsz © Omrop Fryslân
"Potverdorie, dat liket dochs nergens op", seit Douwe Keizer yn 1962 lilk tsjin syn baas. "As ik in Afrikaner wie, dan sette ik al dy blanken tsjin de reling en skeat se dea."
Douwe is lilk om wat der yn de jierren '50 en '60 gongber wie oan board fan de Willem Barendsz, it skip dat mei in soad fryske bemanningsleden útfear foar de walfiskjacht.
De donkere walfiskfarders út Súd-Afrika waarden troch maatskippij Vinke & Co as heal-arbeiders kontraktearre. Oars sein: dy krigen mar de helte fan it salaris.
"Ik wurd der noch lilk om. Dy jonges diene it bêste wurk en wiene neat minder as ús", sa seit Douwe Keizer, ien fan de Fryske walfiskfarders.
Yn dy tiid wie 'Apartheid' fêstlein yn de Súd-Afrikaanske wet. Dochs wurken de Fryske jonges side oan side mei de Afrikanen.
Sjoch hjir nei de FryslânDOK 'Bloed en blubber':
Nei de oarloch wie der yn Nederlân in flink tekoart oan dierlike fetten. Walfisktraan wie in goede basis foar streksum en weardefol margarine, sa die bliken. Dêrom rjochte ús lân yn 1946 de Nederlandse Maatschappij voor de Walvisvaart op.

Walfisktraan

Om't de see om Spitsbergen hinne yn foargeande iuwen sa goed as leechjage wie en der yntusken gruttere skippen bestiene, koe der no jage wurde om de Súdpoal hinne. Dêr skeat de moderne Nederlânske float oant 1964 mear dan 27.000 walfisken.
Oan board fan it fabrykskip de Willem Barendsz waarden de bisten en harren blubber ferwurke yn traan, fleismoal, bonkemoal en hûnefretten.
'Bloed en blubber' wurdt útstjoerd by NPO2 op sneon 16 desimber om 15.30 oere en op snein 17 desimber by Omrop Fryslân om 17.00 oere.
Der wiene in soad jonges út Noardeast-Fryslân oan board, om't in kapitein fan de Willem Barendsz fan Skiermuntseach kaam en der boppedat in aktive keppelbaas yn Anjum wenne.
Op syk nei aventoer, status en de poerbêste fertsjinsten, meunsteren in soad jonge jonges graach oan.

Entûsjasme

Tiden feroaren yn de jierren '50 en '60 en guon woene net langer it paad en de ferwachtingen fan heit en mem folgje. Mar it entûsjasme fan de jonges waard net altyd dield troch harren âlden en freondinnen.
Yn 50 jier is it imago fan de walfiskfarders kompleet feroare. Dêr't se earst as helden fan de weropbou beskôge waarden, wurde se hjoed-de-dei sjoen as moardners fan in beskerme diersoarte.
"Myn dochter skamme har foar it wurk dat har heit op de Willem Barendsz dien hat", seit Douwe.