Vapes mei smaken ferdwine, it probleem net: "Nieuwe generatie rokers klaargestoomd"

In vape
In vape © Omrop Fryslân
Vapes mei smaken lykas anys, gimber, ierdbei, gin en pankoek. No noch te krijen, mar fan 1 jannewaris ôf binne se net mear te keap. Benammen de jongerein is der sljocht op, dêrom grypt de oerheid no yn.
Yn de tabakssaak Vivante yn Ljouwert steane se efter de toanbank. Mei fûle kleuren en eksoatyske nammen. Yn ien ferpakking sitte 600 pufkes. Dat stiet gelyk oan trije pakjes sigaretten.
Douwe Luurs is de eigener fan de saak. "De vapes waren voor ons tabakszaken een welkome verrassing. Juist omdat de marges bij sigaretten onder druk staan en er minder verkocht worden. Ze zijn zo duur dat mensen ze uit het buitenland halen."

Gefaar vape is grut

Mar de oerheid is no just net wiis mei de populariteit fan de vapes ûnder jongeren. Ut ûndersiken fan spesjalisten docht bliken dat de gefaren fan vapes mooglik noch grutter binne as dy fan sigaretten. Sy warskôgje dêr al langer foar. Mei yngong fan 1 jannewaris wurdt de ferkeap fan vapes mei smaakjes dêrom definityf ferbean.
Dit zet geen zoden aan de dijk.
Bernedokter Alwin Brouwer
Nettsjinsteande de maatregels ferwachtet Luurs dat vapes ek yn de takomst populêr bliuwe. "Officieel kun je ze niet meer kopen. Al die vapeshops zijn nu naar België vertrokken. Dan kun je ze hier niet meer kopen, maar daar makkelijk bestellen."

Kop yn it sân

Neffens Luurs ferlieze je as oerheid sa it sicht op de hannel. "Ze steken hun kop in het zand, de overheid. Kijk, die handel blijft wel bestaan. Veel vindt plaats op de schoolpleinen of op straat."
Dat wit ek bernedokter Alwin Brouwer fan sikehûs Nij Smellinghe fan Drachten. Hy tinkt dat it ferbieden fan vapes mei smaakjes net helpt. "Dit zet geen zoden aan de dijk. Via internet kun je de smaakjes makkelijk krijgen."
Bernedokter Alwin Brouwer fan sikehûs Nij Smellinghe
Bernedokter Alwin Brouwer fan sikehûs Nij Smellinghe © Omrop Fryslân
Brouwer hat 'm oansletten by it inisjatyf 'Vapen. Jouw keuze.' Skoallen kinne dêr in lespakket bestelle oer wat vapen is en wat it docht mei bern. Dokters dy't oansletten binne by it inisjatyf kinne ek frege wurde om deroer op skoallen te fertellen.
"We zijn goed bezig om roken buiten het bereik van kinderen te houden", seit Brouwer. "Maar met vapen ontstaat een nieuwe epidemie die jonge kinderen bewust verslaafd maakt aan nicotine en zo klaarstoomt om de nieuwe generatie rokers te zijn voor de tabaksindustrie."
Der binne tal fan ferskillende smaken te keap
Der binne tal fan ferskillende smaken te keap © Omrop Fryslân
Edukaasje is neffens him de kaai. Dêrom stiet er somtiden ek foar de klasse op de basisskoalle om foarljochting te jaan. "Het gevaar van vapen wordt door kinderen onderschat." Benammen omdat it der oantreklik út sjocht. De ferpakking hat moaie kleuren en de smaken ha eksoatyske nammen as Pinkman en Bloody Frutti.

Skealike stoffen

"Vapen is niet alleen nicotine met water", seit Brouwer. "Er zitten schadelijke stoffen in met kans op kanker. Er is al aangetoond dat er DNA-veranderingen plaatsvinden in het slijmvlies. Dat is een voorstadium van kanker."
Dúdlike stúdzjes dêroer binne der noch net. Vapen wurdt noch net lang genôch dien om goede konklúzjes te lûken.

'Better as smoken'

Neffens Luurs falt it allegear wol ta. "We doen nu alsof het levensgevaarlijk spul is. Snoep en alcohol zijn ook verslavend. Je kunt beter vapen dan roken. Als je het gaat verbieden, dan wordt het nog interessanter voor de jeugd."
Dêr is Brouwer it net mei iens. Neffens him is de kâns just grutter dat jongeren oerstappe op smoken. "De tabaksindustrie creëert nieuwe klanten die ze zijn kwijtgeraakt door het roken."
It is in sport om de stickers fan de vape-ferpakking op jiskefetten te plakken
It is in sport om de stickers fan de vape-ferpakking op jiskefetten te plakken © Omrop Fryslân
Douwe Luurs sil de nije regels net mear meimeitsje. Syn saak giet op 31 desimber ticht. Hy hat syn nocht. Hy wurket al jierren seis dagen yn de wike om rûn te kommen. De ekstra regels dy't derby komme helpe ek net.
"De marges worden kleiner en de kosten hoger. Het kan niet uit. Ik ben vrijwilligerswerk aan het doen. Dat is prima, maar niet zes dagen in de week."

Yllegale hannel nimt ta

Hy fernimt dat de oerheid tabakssaken hieltyd mear ûnder de loep nimt. Dat gefoel wurdt dield troch oare tabaksferkeapers. "Wat we doen is niet illegaal, we handelen in iets dat mag. Toch heb je het idee dat je een paria bent", seit ien fan de oare ferkeapers yn Ljouwert.
Oaren sjogge dat de yllegale hannel yn sigaretten en sjek al oan it tanimmen is. Minsken ride de grins oer en komme mei sloffen werom om hjir te ferkeapjen. Dat bart ek al mei de vapes.
In jongere mei in vape en in telefoan yn de hân
In jongere mei in vape en in telefoan yn de hân © Shutterstock (Daisy Daisy)
Wat eartiids gewoan wie, dat oan de bûtenkant reklame hong, mei no al hielendal net mear. Dat giet ek te'n koste fan it gefoel fan feiligens. "Niemand ziet van buiten wat er in de winkel aan de hand is. Dus als er een overval is zie je dat niet door de ramen."
Luurs hat al oar wurk. Hy giet oan de slach as skipper, op in pream. "Daar heb ik nu al zin in."