Boargemaster Buma skriuwt in boek oer syn foarâlder: "Een man met rafelrandjes"

Sybrand Buma, boek, Wiardus Willem Buma, skiednis, Frije Fries, Fries Genootschap
Sybrand van Haersma Buma mei it boek dat er skreaun hat © Omrop Fryslân
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert skriuwt foar syn ûntspanning. Koartlyn ferskynde fan syn hân in boek oer ien fan syn foarfaars.
Wiardus Willem Buma en het geheugen van Friesland is de titel fan it boek dat er skreaun hat oer syn âldbetoerpake. Buma hâldt der fan om yn de argiven te strunen en sa mear te learen oer de skiednis fan Ljouwert en Fryslân oan de hân fan it libben fan de minsken fan doe.
It is net it earste boek fan de hân fan Buma. Earder skreau er al oer politike saken en yn 2018 hat er tegearre mei in fiere neef in boek skreaun oer Gerlacus Buma, in broer fan Wiardus Willem Buma.
Wiardus Willem Buma (1802-1873)
Wiardus Willem Buma (1802-1873) © Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie
Wiardus Willem Buma libbe fan 1802 oant 1873 en wie advokaat, rjochter en deputearre. Hy hearde by de âlde adel, mei in heit dy't boargemaster (grytman) wie. Sybrand Buma beskriuwt it libben fan syn foarfaar en sketst dêrmei ek in byld fan Fryslân yn de 19e iuw.
Ut de argiven docht bliken dat dizze Wiardus Willem Buma ien fan de foarfjochters wie fan de Fryske identiteit.
Fryslân wie fan in grutsk selsstannich gewest feroare yn in provinsje dy't ûnderhearrich wie oan de regearing yn Den Haag. Dit ferlies oan eigenheid soarge derfoar dat guon minsken har ferienigen en it Fries Genootschap oprjochten.

'Wij, vrije Friezen'

"Wiardus Willem Buma had als hobby het onderzoeken van oude Friese documenten uit de 15e en 16e eeuw en probeerde de mooie geschiedenis van Friesland te achterhalen. Daarmee kwam ook dat trotse gevoel van 'wij, vrije Friezen' naar boven", fertelt Buma.
Als we hem nu zouden kennen, zouden we hem niet bestempelen als een joviale warme man.
Sybrand Buma
De âldbetoerpake fan de boargemaster fan Ljouwert wie in 'hoekige' man. "Ik denk dat als we hem nu zouden kennen, we hem niet zouden bestempelen als een joviale warme man. Hij was ook streng voor zijn kinderen en het was iemand die ontzag inboezemde. Ik denk dat als hij door de stad liep, de mensen wel even omkeken. Zo van 'daar heb je Buma!'."

Raffelrantsjes

Dat de persoan Wiardus Willem Buma net allinne mar positive kanten hat, makket him krekt ynteressant, fynt Buma. "Hij behoorde echt tot de bovenlaag en dat vond hij ook normaal. Hij vindt zichzelf altruïstisch, want hij geeft aan de armen. Maar tegelijk gaat hij in beroep tegen iedere belastingaanslag die hij ontvangt, hoe rijk hij ook is. Dat is leuk, schrijven over iemand die allerlei rafelrandjes heeft."
Buma, boek, Wiardus Willem Buma, histoarje, 19e iuw, foarâlder, Ljouwert, skiednis,
It boek 'Wiardus Willem Buma en het geheugen van Friesland' © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Neffens Buma hechte syn foarâlder oan de status en it jild dat er hie. It wie in man dy't hearde by de elite en "het was niet de beroemdste Fries, maar juist daarom interessant. Het geeft een beeld van hoe mensen van die klasse leefden in die tijd."

Oerienkomst

It boek oer syn foarfaar is hiel rap skreaun: ein ferline jier is Buma dermei begûn en njoggen moanne letter leit it al yn de boekwinkels. "Ik moet altijd aan het werk zijn, ik wil iets scheppen", seit Buma dêroer. "Als de werkdag klaar was, ging ik met het boek aan de slag. Van tien tot twaalf uur 's avonds was ik daarmee bezig."
It is in oerienkomst dy't er mei syn haadpersoan dielt: "Op zijn grafsteen staat een tekst die uit de bijbel komt en die ook op mij kan slaan: 'Ik moet werken zolang het dag is, de nacht begint wanneer niemand werken kan'."