Grutte reorganisaasje by FrieslandCampina: 1.800 banen ferdwine

FrieslandCampina yn Ljouwert
FrieslandCampina yn Ljouwert © ANP
By FrieslandCampina ferdwine de kommende twa jier 1.800 banen. De helte dêrfan wurdt yn Nederlân skrast. De suvelkorporaasje moat flink besunigje: oant 2026 giet it om in bedrach tusken de 400 oant 500 miljoen euro.
Takom jier ferdwine nei alle gedachten de earste 1.200 banen al. By hast alle ûnderdielen fan it suvelkonsern geane banen ferlern. Twongen ûntslaggen binne "helaas onvermijdelijk", lit it bedriuw witte.
Yn Fryslân hat FrieslandCampina sa'n 1.600 minsken wurkjen. Yn Ljouwert likernôch 700, yn Wolvegea 400, yn Warkum 245 en yn Gerkeskleaster 190 meiwurkers.
FrieslandCampina sit yn in finansjeel drege perioade. Yn it earste diel fan dit jier sakke de nettowinst mei 94 persint nei 8 miljoen euro. Yn 2022 wie de winst oer it hiele jier 292 miljoen euro.
De ôfname komt benammen trochdat boeren in hege molkpriis krigen, mar de foarried net goed ferkocht waard.
By FrieslandCampina yn Ljouwert
By FrieslandCampina yn Ljouwert © ANP
Oer de hiele wrâld hat it bedriuw 21.000 meiwurkers. Yn Fryslân hat FrieslandCampina noch fjouwer fabriken: yn Gerkeskleaster, Ljouwert, Wolvegea en Warkum. Dy bliuwe allegearre draaien. It is net dúdlik hoefolle banen yn Fryslân ferdwine.
FrieslandCampina wol net foar Omrop Fryslân reagearje op it nijs. Wol jouwe sy in skriftlike reaksje mei. Topman Jan Derck van Karnebeek sprekt fan in "zware dag" foar it bedriuw.
"We beseffen dat de mededeling over het verlies van arbeidsplaatsen een grote impact heeft op de betrokken mensen. We zullen dan ook ons uiterste best doen om iedereen zo goed mogelijk te informeren en te begeleiden in deze moeilijke tijd", sei Van Karnebeek.
Nettowinst FrieslandCampina grafyk
Nettowinst FrieslandCampina © Omrop Fryslân
"Deze kostenbesparingen moeten ertoe bijdragen dat FrieslandCampina goed kan concurreren en winnen in de markt, in het belang van onze medewerkers en leden-melkveehouders."

Soargen by fakbûnen

Ferskate fakbûnen sitte al skoften om tafel om de besuningen mei FrieslandCampina troch te sprekken. Sy meitsje harren grutte soargen oer de ûntslaggen.
"We deden er alles aan om dit te voorkomen", seit in wurdfierder fan CNV. Sy sitte tegearre mei FNV persoanlik mei it bedriuw om tafel om in sosjaal plan op te stellen foar de wurknimmers.
"Het is nooit leuk dat 1.800 mensen hun baan verliezen," seit Ron Vos fan FNV. "Maar het is tegenwoordig wel een economische realiteit om succesvol te kunnen zijn. Mensen die hun baan verliezen zijn gebaat bij sociaal plan. Ik heb niet de illusie dat wij die banen hadden kunnen houden."
Grutte reorganisaasje by FrieslandCampina

Tanimming yn de prizen

De prizen fan produkten as molke, yochert, kwark en fla binne yn de ôfrûne jierren bot tanaam. Konsuminten sykje dêrtroch nei oare merken yn de winkel. De goedkeapere húsmerken krije de foarkar boppe de djoerdere FrieslandCampina-produkten.
In ko
In ko © ANP
Dat spilet net allinnich yn Nederlân, mar ek yn oare lannen yn Europa. Bygelyks yn België en Grikelân, dêr't FrieslandCampina tradisjoneel grut is.
FrieslandCampina wol dy klanten weromhawwe en dus moatte de prizen fan de suvelprodukten omleech. Dêrfoar is in kostebesparring nedich.

Takomstfyzje

FrieslandCampina stelde koartlyn it rapport 'Expedition 2030' op, wêryn't se bekendmeitsje dat der oant 2026 besunige wurdt. Takom jier wol it bedriuw sels "significant kosten besparen", sa is te lêzen yn it rapport. Dizze ûntslaggen binne dêr in stap yn.
Jan Derck van Karnebeek, topman fan FrieslandCampina
Jan Derck van Karnebeek, topman fan FrieslandCampina © FrieslandCampina
"De resultaten over de eerste helft van het jaar zijn niet op het niveau dat men van FrieslandCampina mag verwachten", sei topman Van Karnebeek by de presintaasje fan 'Expedition 2030.' "Het verbeteren van onze winstgevendheid in 2023 en daarna is dan ook onze topprioriteit."