Tal Fryske jongelju dat wolris vapet hat, nimt op 'e nij ta

In famke oan it vapen
In famke oan it vapen © ANP
It oantal Fryske jongelju dat wolris in vape (e-sigaret) smookt hat, is tanaam. It giet op dit stuit om 29 persint fan de jongelju tusken de 15 en de 18 jier, sa docht bliken út ûndersyk fan GGD Fryslân.
Yn de maitiid is der ûndersyk nei dien, wêrfan't no de resultaten bekend binne. Fjouwer jier lyn lei it persintaazje noch op 22 persint.
Der binne yntusken sels mear Fryske jongelju dy't wolris in e-sigaret smookt hawwe, as dat der jongelju binne dy't wolris in sigaret fan tabak smookt hawwe.
It tal jongelju dat tabak smookt, is just in bytsje ôfnaam. Sa'n bytsje de helte fan de jongerein dy't eltse wike vapet, smookt ek alle wiken sigaretten fan tabak. Sa'n 5 persint fan de jongelju smookt alle dagen.
Dokter Jantsje Heeringa fan GGD Fryslân is skrokken fan de sifers. Dat it tal smokers fan e-sigaretten tanaam is, dêr is sy "net sa bliid mei." It smoken fan in e-sigaret liket sûner as it smoken fan tabak, mar it is skealik foar de sûnens. Boppedat kinne jongelju der al fluch ferslave oan reitsje.