Corona en snie meitsje tarieding Cambuur op De Graafschap-út net ideaal

Op tongersdei is de snie noch net ferdwûn út it Cambuur Stadion
Op tongersdei is de snie noch net ferdwûn út it Cambuur Stadion © Omrop Fryslân, Andor Faber
In haadtrainer dy't thús sit mei corona en snie op it fjild wêrtroch't je in dei net traine kinne. De omstannichheden wêryn't je je tariede moatte op in wichtige wedstriid hawwe wol ris better west foar SC Cambuur.
Freed spylje de Ljouwerters de útwedstriid tsjin De Graafschap. Dy ploech stiet ien plak boppe Cambuur en hat twa punten mear. Op 'e nij in wichtige wedstriid dus foar de ploech fan trainer Henk de Jong.
Dat hy freed gewoan op de bank sit, wie dizze wike net fanselssprekkend. De Jong siet thús mei corona. "Ik bin wer reedlik fit. Sneon oant en mei tiisdei wie ik behoarlik siik, dus corona docht syn wurk noch wol. Ik wie bot min, mar miskien is it de leeftiid ek wol", gniist De Jong.
De Drachtster hat gjin spilers oanstutsen, dus de seleksje is fit op de swier blessearre Gabi Caschili nei. Lykas ferline wike tsjin FC Eindhoven is Marco Tol wer de ferfanger fan Caschili op rjochtsback. "Marco fynt it sels ek noflik, dus dêr kinne we fierder mei."
Henk de Jong is wer opknapt en sit freed gewoan op 'e bank
De Graafschap is ien fan de âlde klups fan De Jong. Twaenheal jier wie er de haadtrainer op De Vijverberg en dus is it foar him in spesjale wedstriid.
Boppedat is De Jong ûnder de yndruk fan syn âlde klup, dy't no wer ûnder lieding stiet fan Jan Vreman. "Dy docht it poerbêst. Ik fyn it in hiel goeie set fan De Graafschap om him wer trainer te meitsjen. Hy hat it goed foarinoar. Yn de jeugdoplieding hat er al mei dizze spilers wurke", fertelt er.
De Cambuurtrainer sjocht de linkerkant fan de Doetinchemmers as grut gefaar. "Dy moatte we útskeakelje." Foaryn falt Basar Önal op. "Dat is in goeie spiler, mar Devin Haen is ek in goeie. It binne echte De Graafschap-jonges, de sokken in lyts bytsje nei ûnderen en stevige poatsjes. Dy moatst út de sechstjin hâlde."
De wedstriid tusken De Graafschap en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 19.45 oere.
It kommentaar út De Vijverberg wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber. Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel werom te sjen.