Steatssekretaris baalt fan opstelling NAM yn gaswinplannen op it Waad

Demisjonêr steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou
Demisjonêr steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou © ANP
Demisjonêr steatssekretaris Hans Vijlbrief baalt fan de opstelling fan de NAM. Dat mynboubedriuw is nei de Ried fan Steat stapt om oan te trúnjen op in beslút oer de plannen foar gaswinning by Ternaard.
Vijlbrief fynt dat de NAM op dizze wize net goed rekken hâldt mei de omjouwing en it draachflak yn Ternaard en omkriten.
De NAM hopet it Ryk lykwols safier te krijen dat der in beslút komt oer de gaswinning ûnder it Waad.
Demisjonêr minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof moat earst bepale oft gaswinning net te folle skea opsmyt foar de Waadnatuer, mar dat duorret no al in skoft. Dêrom hat it bedriuw yn oktober by de Ried fan Steat oan de bel lutsen.
It Waad tusken Ternaard en It Amelân
It Waad tusken Ternaard en It Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn antwurd op fragen fan Tjeerd de Groot en Faissal Boulakjar (beiden fan D66) skriuwt Vijlbrief dat hy it iens is mei harren stânpunt dat de NAM troch nei de Ried fan Steat te stappen in 'gebrek aan omgevingssensibiliteit' sjen lit.
Op dizze wize wurdt der net goed omgien mei it lokale draachflak, fine de kabinetsleden. "Wij betreuren het dat de NAM zich genoodzaakt voelt om deze stap te zetten", skriuwe likegoed Vijlbrief as Van der Wal yn in brief.
Demisjonêr minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof
Demisjonêr minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof © ANP
Beiden wolle lykwols net foarútrinne op in beslút oer de gaswinning. Van der Wal moat foar febrewaris wol ynhâldlik reagearje op de krityk fan UNESCO op de gaswinningsplannen. De wrâlderfgoedorganisaasje hat sein dat it Waad syn UNESCO-status wolris ferlieze kin as de gaswinning trochset.
Van der Wal docht dat reagearjen mei de twa oare lannen oan it Waad: Dútslân en Denemarken. Der is foar Ternaard ek sjoen nei wat de ferskate ekonomyske aktiviteiten yn it Waad byinoar opteld betsjutte foar de natuer.
De simmerpolder fan 't Skoar by Ternaard
De simmerpolder fan 't Skoar by Ternaard © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der is ek nije ynformaasje oer de gefolgen fan gaswinning. Ut ûndersyk fan it NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee) die koartlyn bliken dat de boaiem nei alle gedachten feroaret troch de hjoeddeiske gaswinning by It Amelân.
Mei dêrom moat in fergunning foar gaswinning by Ternaard wegere wurde, skriuwt de Waadferiening yn nije brief oan it Ryk.